N351 Wolvegea – Slikenboarch

Fan 2 oktober 2023 oant en mei 8 desimber 2023 hawwe wy oan de N351 Wolvegea – Slikenboarch wurke. Schagen infra en KWS hawwe ûnderskate oerstekplakken foar fytsers oanlein en nei asfalt oanbrocht. Troch it minne waar fan de lêste tiid is it wurk noch net hielendal klear.

Wurksumheden N351

Oan de N351 tusken Wolvegea en de provinsjale grins by Slikenboarch fiere wy grut ûnderhâld út oan de haadrydbaan. Op ferskate plakken lizze wy fytsoerstekken oan. Sa kinne fytsers yn de takomst feilich de N351 oerstekke. Lânbouferkear mei yn de nije situaasje gebrûk meitsje fan de haadrydbaan. Wy passe de markearring op 'e dyk en de buorden oan, sadat weibrûkers witte dat se lânbouferkear op 'e haadrydbaan ferwachtsje kinne. Sa meitsje wy de paralleldyk feiliger foar it oare ferkear. Dêrneist rydt swier ferkear de bermen net langer stikken, wêrtroch reinwetter minder fluch op it asfalt stean bliuwt. Om de snelheid op de parallelwei te beheinen plantsje wy hagen en bringe wy op ferskate plakken fisuele drompels oan.

Een overzicht van alle werkzaamheden aan de N351 aangegeven op een kaart
  1. Opheffen tapers N351 - Zeedijk/Lindedijk
  2. Ferromje sicht troch snoeien bossaazje N351
  3. Lânbouferkear op de haadrydbaan (hiele trasee ):
    • oanpassing markering
    • oanpassing bebuording
  4. Oanlis rotonde N351 - Grindweg/Spangahoekweg (folget letter)
  5. Oanlis fytsoerstekplak N351 - Fuotpaad Spangahoekweg
  6. Oanlis fytsoerstekplak N351 – Spangahoekweg
  7. Optyske fersmelling fan paralleldyk troch plantsjen hagen yn tuskenberm
  8. Oanlis fytsoerstekplak N351 – Lindedijk
  9. Oanlis fytsoerstekplak N 351 - De Merriemaden

Rotonde folget letter

Op de krusing fan de N351 mei de Spangahoekwei lizze we in rotonde oan. Foar de oanlis fan dizze rotonde ha we in stikstoffergunning nedich. It projekt rint ommers troch de Rottige Meente dat kwalifisearre is as in stikstofgefoelich gebiet. De proseduere om sa 'n fergunning oan te freegjen rint noch. We witte net hoelang't dit proses duorret. Dêrom ha we besletten om 'e rotonde op in letter momint oan te lizzen.

Planning

It wichtichste wurk is oant 8 desimber 2023 ta dien. De haadrydbaan is op 8 desimber wer foar it ferkear iepengien.

Yn de kommende wiken wurde ûnder oare de hagen plante en de bermen lâns de paralleldyk oanfolle. Dat wurdt fan de paralleldyk ôf dien.

Troch it kâlde en wiete waar koene wy net alle markearrings op ‘e dyk oanbringe. Dat wurk stiet no foar it earste fearnsjier fan 2024 op ‘e planning. It giet om de markearring by in tal krúspunten, de fisuele drompels op ‘e paralleldyk en op ‘e fytspaden by de nije oerstekplakken.

Takom jier pleatse wy ek de dynamyske ferljochting by de oerstek fan it ‘Voetpad’. Dy ferljochting giet oan as der ferkear oankomt, wêrtroch’t it ekstra opfalt as der immen oerstekt.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan it wurk oan de N351? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Digitale nijsbrief oanfreegje

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.