N356 wurksumheden Holwert-Dokkum

Oannimmer BAM Infra sil foar de provinsje oan de slach mei de provinsjale dyk de N 356. Om dizze dyk tusken Holwert en Dokkum net yn ien kear hielendal ôf te sluten, ferdiele we it wurk yn fazen. Per faze wurkje wy oan in oar part fan 'e wei. Elke faze hat dan ek in eigen omliedingsrûte. Underwilens hawwe wy faze 1 o/m 4 ôfrûne.

Faze 6 ôfslach Raard-Dokkum

De lêste faze fan it wurk fiere wy út tusken 07.00 oere en 17.00 oere. Yn de nacht is de wei iepen foar ferkear, útsein tiisdei 2 july op woansdei 3 july. Dan is de dyk ek ticht tusken 17.00 oere en 07.00 oere.Der jildt dan in snelheidsbeheining, it ferkear hoecht dan net om te riden. Hjirûnder stiet hokker part fan wannear’t oant wannear ôfsletten is: 

Wy wurkje fan moandei 1 july o/m freed 5 july oan de sechsde en lêste faze. Dan wurkje we fan de ôfslach Raard oant Dokkum. 

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden ride ek de bussen soms in alternative rûte. Foar ynformaasje oer it iepenbier ferfier, sjoch op de webside van Arriva

Mear ynformaasje? 

Hawwe jo noch fragen oer it wurk? Dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed tusken 9.00 en 17.00 oere. Wolle jo witte wêr't wy noch mear oan 'e wei wurkje? Sjoch dan op Underhâldswurk | Fryslan.