N393 Seisbierrum-Harns

Dizze simmer wurkje wy oan de provinsjale dyk tusken Seisbierrum en Harns. Wy pakke it fytspaad oan tusken Seisbierrum en de brêge Roptafeart en nei de boufak starte wy ek mei ûnderhâldswurksumheden oan de trochgeande dyk. Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de wurksumheden en wannear't wy wat dwaan sille.

  1. Wurksumheden oan it fytspaad 
  2. Underhâldwurksumheden Seisbierrum-Harns 
  3. Snelheidsferleging tusken Harns en Tsjummearum.

2. Underhâldwurksumheden Seisbierrum - Harns 

De dyk tusken Seisbierrum en Harns is ta oan ûnderhâld. Dat betsjut dat de dyk in nije laach asfalt krijt. Dizze hjerst sette wy útein mei dit wurk. Yn totaal duorje de wurksumheden trije wiken. It wurk set op moandei 30 septimber 2024 útein. Om it wurk útfiere te kinnen, ferdiele wy it wurk yn twa fazen. De earste faze duorret ien wike, fan moandei 30 septimber o/m tiisdei 8 oktober 17.00 oere. Wy wurkje dan fan de rotonde N390/N393 ôf oant it krúspunt Winaam. Dit krúspunt asfaltearje wy net en is dêrom net ôfsletten.

Bovenaanzicht van de omleiding. De stippellijn geeft de afsluiting aan en de doorlopende lijn de omleiding.

It twadde part duorret fan moandei 7 oktober o/m freed 18 oktober. Dêrtroch wurkje wy op moandei 7 en tiisdei 8 oktober oan faze 1 en faze 2, wêrtroch’t Winaam allinnich berikber is fia de Getswetderdyk. Wy wurkje dan fan it krúspunt Winaam ôf oant de kom fan Seisbierrum. By dizze wurksumheden liede wy it ferkear om fia Tsjummearum (N393 ), Doanjum (N384) en de A31/N390. Ek asfaltearje wy in stik fan de paralleldyk en binne der wurksumheden oan de brêgedekken fan de twa brêgen oer de Roptafeart. Fytsers folgje dan deselde omlieding as by de wurksumheden oan it fytspaad. Helptsjinsten kinne yn gefal fan need der del, útsein tiisdei 8 oktober.

Bovenaanzicht van de omleiding. De stippellijn geeft de afsluiting aan en de doorlopende lijn de omleiding.
Missing media-item.

Iepenbier ferfier

By de ûnderhâldswurksumheden ride ek de bussen somtiden in alternative rûte. Foar ynformaasje oer it iepenbier ferfier, sjoch op de webside fan Arriva.

3. Snelheidsferleging tusken Harns en Tsjummearum

Op dit stuit mei it ferkear op de N 393 tusken Harns en Tsjummearum bûten de beboude kom maksimaal 80 km o ride. Dat feroarje wy by it útfieren fan it ûnderhâldswurk nei 60 km/o. Binnen de beboude kom giet de maksimumsnelheid nei 30 km/o. Dit dogge wy om de dyk feiliger te meitsjen. In legere rydsnelheid draacht by oan it foarkommen fan ûngemakken. De brûker fan de dyk hat mear oersjoch oer syn omjouwing en kin flugger op oaren reagearje. As der dochs in ûngelok plakfynt, dan binne de gefolgen minder earnstich.

Snelheidsferskillen lytser meitsje

De N393 is in lokale dyk. Wy neame dat ek wol in erftagongswei. Hjirop meie ek lânbouweinen en brommobilen ride. Dêrneist binne der in soad útritten fan wenningen, ikkers en greiden dy't streekrjocht oanslute op de dyk. Troch de snelheid te ferleegjen, meitsje wy de snelheidsferskillen tusken de weibrûkers en it ynfoegjend ferkear lytser. Undersyk hat útwiisd dat dat de wei foar eltse brûker feiliger makket.

Dêrneist is de N393, neffens de rjochtlinen, te smel om inoar mei hege snelheid feilich yn te heljen. Dêrby binne de bermen ek smel en steane der somtiden beammen of oare obstakels yn de berm. As je op hege snelheid útwike moatte soene nei de berm is de kâns op in ûngelok mei slimme gefolgen grutter.

Wat meitsje we oars?

De N393 hat op dit stuit kantstrepen dy't hearre by in 60 km/o-dyk. By it útfieren fan de ûnderhâldswurksumheden pleatse wy ek nije buorden mei dêrop de nije maksimumsnelheid en ‘60' markearring op de dyk. Dêrneist komme der by drompels saneamde ‘taludmarkearing’. Dit binne om en om lange en koarte streken. Ek pleatse we op bepaalde plakken stekjes.

Snelheidsferleging yn Easterbierrum en Seisbierrum

Op de trochgeande dyk yn Easterbierrum en Seisbierrum wolle wy de maksimum snelheid ferleegje nei 30 km/o. Ek hjir wolle wy de ferkearsfeiligens ferbetterje en de leefberens fergrutsje. Troch de legere snelheid kinne fytsers en fuotgongers makliker en feiliger de N393 oer te stekken.

Op dit stuit sille wy hjiroer yn petear mei ûnder oare doarpsbelangen en sille wy hjiroer advys freegje oan de plysje. Op it momint dat dit trochgiet, sille wy yn dizze doarpen weifersmellingen op de dyk oanbringe en nije buorden pleatse.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen oer it wurk oan it fytspaad? Of wolle jo mear witte oer de snelheidsferleging? Dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed tusken 9.00 en 17.00 oere.