N927 Sint-Nyk - Spannenburch

De dyk tusken Sint-Nyk en Spannenburch is ta oan ûnderhâld. Dat betsjut dat de dyk in nije laach asfalt krijt. Fan 15 july ôf sette wy útein mei dizze wurksumheden. Oannimmer De Roo út Emmen fiert dit foar ús út. Yn totaal binne wy twa wiken dwaande en is it wurk foar de boufak klear.

Wike 1 

Yn de earste wike fiere wy wurksumheden út op it part tusken Spannenburch en de rotonde Sint-Nyk. Dan is de dyk tusken 7.00 oere en 17.00 oere ôfsletten foar ferkear. It part fan Spannenburg o/m krusing it Noed is tusken 17.00 oere en 07.00 oere wer iepen foar it ferkear. It part fan kuising it Noed oant de rotonde Sint-Nyk bliuwt de hiele earste wike ôfsletten, dei en nacht. 

Yn dizze earste wike steane der oerdeis ferkearsregelers op de paralleldyk om it slûpferkear tsjin te gean. Ek foar fytsers jildt der in omlieding. Dat stiet op it plak oanjûn mei buorden. 

Bovenaanzicht van de omleiding, aangegeven in ononderbroken lijn. De afsluiting is aangegeven in rasterlijn en de afsluiting tussen  7.00 en 17.00 uur is aangegeven met een stippellijn.

Wike 2 

Yn de twadde wike fiere wy wurksumheden út op it part tusken krusing it Noed en de rotonde Sint-Nyk (ynklusyf de rotonde). De dyk is dan de hiele wike folslein ôfsletten foar ferkear, dei en nacht.

Bovenaanzicht van de omleiding. De afsluiting is aangegeven in een rasterlijn en de omleiding in ononderbroken lijn

Iepenbier ferfier en oanwenners 

Oanwenners kinne altyd thúskomme. By asfaltearringswurk kin it wêze dat in stik grûn, wenning of perseel efkes net berikber is. Hjiroer krije oanwenners apart in brief fan de oannimmer. Iepenbier ferfier folget tusken 07.00 oere en 17.00 oere in alternative rûte.

Fragen 

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Nynke Bergema fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o / m freed op kantoaroeren.