No ek subsydzje mooglik foar griene monuminten

De provinsje Fryslân stelt yn 2024 €2.877.300 beskikber foar de restauraasje fan karakteristike gebouwen, mûnen, gemeente- en (griene) ryksmonuminten yn Fryslân. Eigeners fan monuminten kinne dêr tusken 16 en 20 septimber 2024 in oanfraach foar yntsjinje. Deputearre Steaten hawwe de subsydzjeregeling op 21 maaie 2024 fêststeld.

Gedeputeerde Femke Wiersma: “Monuminten spylje in grutte rol yn it ferhaal fan Fryslân en binne in part fan ús identiteit. De ferhalen oer de monuminten wolle wy yn libben hâlde, sjen litte en diele. Wy fine it dan ek tige wichtich om projekten te stypjen dy’t monuminten by de tiid hâlde.”

De subsydzje is yn 2024 foar 6 ûnderdielen en soarten monuminten oan te freegjen. Nij dêrby is dat eigeners fan griene ryksmonuminten subsydzje oanfreegje kinne foar it opknappen fan harren terrein. 14% fan de subsydzje is dêrfoar beskikber, in bedrach fan €400.000,-. 

De seis ûnderdielen en soarten monuminten binne:

  1. Restauraasje fan boude ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes);
  2. Nije bestimming fan boude ryksmonuminten;
  3. Restauraasje fan griene ryksmonuminten;
  4. Underhâld fan ryksmonumintale mûnen;
  5. Restauraasje en nije bestimming fan boude gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen;
  6. Plankosten foar restauraasje by in nije bestimming.

Hoefolle subsydzje is de kategory beskikber?

1aRestauraasje Ryksmonuminten en restauraasje by nije bestimming Ryksmonuminten€ 1.132.300
1bRestauraasje Ryksmonumintale pleatsen yn agrarysk gebrûk€     300.000
2Restauraasje en nije bestimming fan Ryksmonuminten oanfrege troch ynstellingen fan bysûnder provinsjaal belang€     300.000 
3Restauraasje fan griene ryksmonuminten€     400.000
4Underhâld Ryksmonumintale mûnen€     475.000
5Restauraasje fan gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen€    250.000
6Plankosten€       20.000
 Mei-inoar€ 2.877.300

By de oanfraach binne foar elk ûnderdiel ferskate stikken nedich. It is wiis om tiid te reservearjen om dat foar it yntsjinjen fan 16 septimber ôf goed te regeljen. Op de webside www.fryslan.frl/monuminten fine jo mear ynformaasje.