Nominaasjes iepen foar Els Veder-Smit priis
Op 8 maart 2025 wurdt foar de twadde kear de provinsjale Els Veder-Smit priis útrikt. De priis sil útrikt wurde oan ien dy't wat betsjut hat foar de posysje fan froulju yn de Fryske polityk en is ferneamd nei Els Veder-Smit (1921-2020), in ynfloedrike politikus dy’t in grutte rol spile op it mêd fan emansipaasje en frouljusrjochten yn Nederlân.
De priis is spesifyk ornearre foar persoanen dy’t har op maatskiplik en polityk mêd ynset hawwe foar de posysje fan froulju en harren ynspirearre hawwe om akyf mei te dwaan oan de Fryske polityk. De priis wurdt alle trije jier útrikt. De foarige kear is dy troch Lutz Jacobi wûn, dy’t dit jier yn de sjuery sitte sil.
Nominearje kin fia de webside fan Tûmba oant en mei 8 febrewaris 2025. Nei de slutingsdatum beoardielet in saakkundige sjuery alle ynstjoerings. De sjuery stelt in rapport op en advisearret Deputearre Steaten. De winner wurdt op 8 maart 2025 bekend makke, by in feestlike útrikking op Ynternasjonale Frouwedei.