Oanbesteging busferfier 2021 -2034

Op 17 oktober 2023 hat de provinsje Fryslân bekend makke dat de konsesje foar it iepenbier busferfier yn Fryslân foar de perioade desimber 2024 - desimber 2034 oan Qbuzz ferliend is.

Sawol Arriva as Qbuzz makke dêrnei beswier tsjin dat beslút fan Deputearre Steaten. De kommisje foar beswier- en beropskriften en klachten hat konkludearre dat de beoardieling fan de ynskriuwings soarchfâldich ferrûn is. Deputearre Steaten hawwe it advys fan de kommisje oer beide beswiersaken oernommen. Dat betsjut dat beide beswieren net grûndearre ferklearre binne en it beslút fan 17 oktober 2023 om de konsesje oan Qbuzz te ferlienen sûnder wizigings yn stân bliuwt. 

Op 19 juny 2024 hat Arriva witte litten tsjin dat beslút yn berop te gean by it College voor Beroep van het bedrijfsleven (CBb). Parallel dêroan hat Arriva op 10 july 2024 in fersyk om foarrriedige foarsjenning yntsjinne by it CBb. De foarsjenningsrjochter fan it CBb hat dat fersyk behannele yn in sitting op moandei 23 septimber 2024. Op 3 oktober hat de foarsjenningsrjochter it fersyk om foarriedige foarsjenning ôfwiisd. Dêrmei bliuwt de gunning oan Qbuzz yn stân.

Ymplemintaasje 

De provinsje is tegearre mei Qbuzz begûn mei it ymplemintaasjetrajekt om derfoar te soargjen dat de nije buskonsesje op 15 desimber 2024 úteinsette kin. 

It oanbod fan Qbuzz betsjut in fikse ferbettering foar it Fryske busferfier. It betsjinningsnivo útdrukt yn tsjinstregelingsoeren giet neffens 2023 mei mear as 20% omheech en mei mear as 6% neffens 2019 (foar koroana). Dêrnjonken fiert Qbuzz in grut tal oanpassings en ferbetteringen troch yn it linenet, wêrmei’t it OV mei de auto konkurrearje kin. Qbuzz biedt mei har float ek mear sitplakkapasiteit troch op drokke trajekten gruttere weinen yn te setten, wêrmei’t de tefredenheid fan de klant tanimt.

Op 27 septimber jl. presintearre Qbuzz de nije bussen dêr’t se mei yn Fryslân ride sille. De bussen hawwe in nije útstrieling troch de kleuren fan de fernijde hússtyl fan de provinsje Fryslân en binne tagonklik foar minderfalide reizgers. Ek biede de nije bussen mear wurkkomfort foar de sjauffeurs. 

Neiere ynformaasje oer it nije ferfierplan fan Qbuzz fine jo fan heal novimber ôf op dizze side.

De nieuwe bus van QBuzz. Deze is geel met een blauwe rand.