Oanpak fytspaden omjouwing Bakkefean: faze 2 giet oan

Fan ‘e simmer wurdt der wurke oan it ferbetterjen fan twa fytspaden yn ‘e omkriten fan Bakkefean en Wynjewâld. It giet om it fytspaad by Duursma’s dobbe (15 july oant 2 augustus) en de Beakendyk by De Slotpleats, fan de Duerswâldmerwei oant de Boskwei (19 augustus oant 27 septimber). Oannimmer Strukton Wegen & Beton út Grins sil it wurk útfiere. De paden wurde hjirfoar (foar in part) ôfsletten, fytsers en kuierders sille omlaad wurde mei buorden. 
 

It wurk oan dat lêste fytspaad soarget derfoar dat it koartlyn oanpakte fytspaad eastlik fan de Stripe tydlik dearint en dus ek ôfsletten wurdt. De fytspaden krije in hegere lizzing, wat nedich is troch it wieter wurden fan it gebiet. Der komt beton op de paden yn stee fan asfalt, om’t beton minder gefoelich foar beamwoartels is. 

Foar de oanpak slute de neamde fyts- en kuierpaden foar alle brûkers. Allinne in pear krusende kuierpaden binne tagonklik. It wurk is yn de simmer, wat spitigernôch oerlêst jaan sil foar fakânsjefierders en omwenners. De kar om it wurk krekt no útfiere te litten hat twa redenen. Yn de hjerst is it risiko grut dat it gebiet te wiet is, wat ta fertragingen en hegere kosten liede kin. Yn de maitiid fersteurt it wurk de briedende fûgels. It briedseizoen is no dien, in ekolooch hat dit kontrolearre en dat is gjin beheining mear foar it wurk.

Dit is faze 2 fan de plande wurksumheden yn it gebiet. De fytspaden nei De Slotpleats en yn it Oude Bosch binne yn ’e hjerst fan 2023 ferfongen troch beton. De doarpsbewenners binne bliid mei de oanpassing en wolle graach dat de oare paden ek sa gau mooglik oanpakt wurde.


Sjoch op www.fryslan.frl/koningsdiep foar it ferrin fan it wurk.