Projekt Holwerd aan Zee finansjeel net helber, provinsje folget beslút stjoergroep

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân geane net fierder mei it projekt Holwerd aan Zee en folgje dêrmei it beslút fan de stjoergroep. Dat beslút is nommen op grûn fan de notysje fan befiningen en de advysnota dy't dêrop basearre is. De notysje beskriuwt op haadlinen de resultaten fan de ferskate (diel)ûndersiken dy't útfierd binne. 

Febrewaris 2023 hat Provinsjale Steaten per amendemint opdracht jûn oan de stjoergroep Holwerd aan Zee om de saneamde 'natuerlikere fariant' te ûndersykjen. De ûndersiken dêrfoar binne no klear. Dêr docht ûnder oaren út bliken dat it projekt Holwerd aan Zee op dit stuit noch in finansieringstekoart hat fan sa'n 60 miljoen euro. Dêrneist is der nei 10 jier hurd wurkjen troch de gearwurkjende partners gjin partij ree om it behear en ûnderhâld op him te nimmen. De stjoergroep Holwerd aan Zee hat om dizze redenen it beslút naam om net fierder te gean mei it projekt. Deputearre Steaten folgje dit foarstel. “It beslút fan de stjoergroep is tige spitich foar de inisjatyfnimmers. Sy hawwe harren de lêste tsien jier sa ynset foar dit projekt. Dêr ha ik in soad wurdearring foar," seit deputearre Sijbe Knol. 

Einbeslút is oan Provinsjale Steaten 

Mei it einoardiel út de advysnota, hat de stjoergroep foldien oan har opdracht fan it amendemint fan 2023 en de yntinsje-oerienkomst fan 2019. It einbeslút oer provinsjale dielname oan Holwerd aan Zee is oan de Fryske Steaten. Beslútfoarming hjiroer stiet pland foar dizze hjerst.