Provinsje en Wetterskip yn berop tsjin gaswinning Warga-Wartena
Op 6 novimber 2024 hat Minister Hermans fan Klimaat en Groene Groei ynstimd mei it aktualisearre winningsplan yn feangreidegebiet Warga-Warten. Dit plan giet oer in aktualisearring en ferlinging fan it besteande winningsplan foar dizze lokaasje. Provinsje en Wetterskip Fryslân meitsje har soargen oer de negative gefolgen as langer gas wûn wurdt en gean dêrom mei-inoar yn berop.
Gaswinning liedt ta boaiemdelgong. De oerheden hawwe yn harren eardere advizen oan it ministearje de klam jûn dat leechfeangebiet as Warga-Warten gjin ekstra boaiemdelgong opfange kin. Dizze soargen binne yn it ynstimmingsbeslút net genôch wjerlein. Dêrmei fine de oerheden it winningsplan Warga-Warten net genôch motivearre en útlein. Gaswinning kin net feilich en sûnder konsekwinsjes foar de omjouwing. Dêrom gean provinsje en Wetterskip yn berop tsjin it beslút.
Gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân
Deputearre Friso Douwstra: “Der is gjin draachflak foar gaswinning yn Fryslân. Wy meitsje ús hjir grutte soargen oer. De steapele effekten yn feangreidegebieten binne boppedat ûndúdlik en risikofol. Dêrneist ûntsteane skea dy't net mear te bewizen binne. Fryslân hantearret de Fryske noarm: fan elke fertsjinne euro floeit minimaal in tredde werom nei de regio. Dat is fansels boppe-op in 100% kompensaasje fan optreden mynbouskea troch boaiemdelgong en ferfolchskea. Foarkom ûnkearbere Grinzer tastannen. Nije of ekstra gaswinning yn Fryslân? Doch it net!”
Wetterskip Fryslân seit mei klam dat gaswinning negative gefolgen hat foar de wetterhúshâlding. Deistich bestjoerslid Remco van Maurik ljochtet ta: “Ons watersysteem wordt al kwetsbaarder door klimaatverandering en daarbij heeft elk veengebied ook de uitdaging van veenoxidatie. Tel hier de extra bodemdaling door gaswinning bij op, dan zijn dat de belangrijke redenen waarom we negatief zijn over deze gaswinning.”
Fryske oerheden op ien line
De Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân nimme allegearre sitting yn de Fryske Mynboutafel. Dêrtroch wurdt der te ier en yntegrale ôfstimming holden. Alle Fryske oerheden sitte op ien line en binne tsjin gaswinning yn Fryslân.