Provinsje Fryslân en inisjatyfnimmers op syk nei oanfoljende finansiering Fiskmigraasjerivier

De fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is yn oanbou. In grut part fan it wurk is yntusken klear. Mar om it projekt hielendal ôfmeitsje te kinnen, is der € 13 miljoen ekstra nedich. Dêr binne provinsje Fryslân en de inisjatyfnimmers fan it projekt de kommende moannen nei op syk. As dit slagget, kin it wurk oan it rivierdiel yn de Iselmar ein 2025 fan start gean. De earste fisken swimme dan nei ferwachting ein 2026 troch de fiskmigraasjerivier.

Untwikkelingen 

Dat der no ekstra finansiering nedich is, hat te krijen mei in tal ûntwikkelingen út de ôfrûne jierren. Foar de oanlis fan de fiskmigraasjerivier soe provinsje Fryslân it sân út de fargeulen yn de Iselmar brûke. De ferdjipping fan dizze slinken leit op dit stuit stil, omdat dit mooglik liede kin ta fierdere fersprieding fan sâlt yn de Iselmar, ek wol fersilting neamd. Hjirtroch moat de provinsje it sân ynkeapje. It ynkeapjen fan sân is kostberder as sân út in te ferdjipjen fargeul brûke. It kreëarjen fan in iepen ferbining tusken swiet en sâlt wetter is in yngewikkeld proses en is op dizze skaal noch net earder dien. Ek binne prizen fan grûnstoffen troch covid en de oarloch yn Oekraïne flink omheech gien.

Nettsjinsteande dy ûntwikkelingen is it oant no ta slagge om in grut part fan de fiskmigraasjerivier oan te lizzen. Under oare troch sirkulêr te wurkjen, wêrby't der frijkommende materialen út de direkte omjouwing brûkt binne. Tink bygelyks oan sân dat frijkaam út it wurk oan it nije gemaal by Den Oever. Foar it noch oan te lizzen rivierdiel is dit no net mear helber. Dêrom binne de provinsje en de inisjatyfnimmers mei de finansierjende partijen fan de fiskmigraasjerivier yn petear oer ekstra budzjet. 

Mear ynformaasje 

Wolst mear ynformaasje, of hast fragen oer dit nijs? Nim dan kontakt op mei it Klantkontactsintrum fia 058 - 292 59 25.

Een bovenaanzicht van de afsluitdijk en de huidige sluizen.
Foto: Topview