Provinsje stimulearret ynnovative gearwurking tusken mkb'ers mei de subsydzje MIT R&D Gearwurking

It MIT-programma stimulearret ynnovative ûntwikkelingen. De MIT R&D Gearwurking is bedoeld foar gearwurking yn ûndersyk en ûntwikkeling. De provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân stelle, yn ‘e mande mei it Ryk, yn 2024 in bedrach fan goed 3,5 miljoen euro beskikber foar dizze ynnovative gearwurkingssubsydzje. Fan tiisdei 11 juny ôf is de subsydzje MIT R&D Gearwurking beskikber.

De subsydzje MIT R&D Gearwurking, dat stiet foar mkb-Innovatiestimulering Topsectoren Research & Development Samenwerking, is beskikber foar ûndernimmers dy't yn oparbeidzjen mei oare ûndernimmers oan ynnovative oplossings foar de takomst wurkje. De oanfragen geane oer in ûndersyks- of ûntwikkelingsprojekt. Binnen it projekt ûntwikkelje ûndernimmers mei-inoar in nij produkt, tsjinst of proses dat tichteby de merk stiet. Der is subsydzje beskikber oant 35 persint fan de kosten foar ûnder oare personiel, apparatuer en materiaal.

Dizze mkb’ers makken earder gebrûk fan de MIT R&D Gearwurking

Vector Machines BV fan It Hearrenfean frege ferline jier yn ‘e mande mei in gearwurkingspartner de subsydzje MIT R&D Gearwurking oan. "By it ûntwikkeljen fan in prototype giest soms ien stap foarút en dêrnei wer trije stappen efterút." fertelt Jan-Dirk van der Tol, direkteur fan Vector Machines BV. “Dat heart gewoan by it ûndersykjen en ûntwikkeljen fan in suksesfol ûntwerp. Subsydzjes dy't dêrby stypje kinne, lykas de MIT R&D Gearwurking, binne dêrom krekt foar dat soarte projekten tige wolkom. Sûnder dizze subsydzje duorret it proses in stik langer.” It bedriuw frege de subsydzje oan foar de ûntwikkeling fan in autonome, elektryske arkdrager foar de bestriding fan skimmelsykten yn planten mei UV-ljocht. Mei de subsydzje ûntwikkelje se in wurkjend prototype mei Ultrafiolette ynstallaasje. Dy robot ferljochtet de gewaaksen mei UV-C ljocht en dêrtroch wurdt it brûken fan bestridingsmiddels beheind.

Oanfreegje

Bisto in noardlike mkb'er? En wurkest mei oare mkb'ers oan de ynnovative oplossingen fan moarn? Fan 11 juny ôf kinst dyn oanfraach yntsjinje fia de subsydzjeside MIT R&D Gearwurking 2024.