Provinsjes stypje mear boeren mei Regeling Reduksje Stikstofemisje

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe besletten om budzjet yn de Regeling Reduksje Stikstofemisje Noard-Nederlân te ferskowen. Der kamen safolle oanfragen fan boeren yn foar kategory B, dy’t as doel hat om de ammoniakemisje út de stal te ferminderjen, dat dy swier oertekene is. Om safolle mooglik boeren sa gau as mooglik stypje te kinnen by it redusearjen fan stikstofemisjes, sille de provinsjes binnen de regeling €1,8 miljoen ferskowe. 

It giet om it ferskowen fan budzjet fan kategory C nei kategory B. Foar B kamen mar leafst 142 oanfragen yn, wylst der 17 oanfragen foar C yntsjinne waarden. Yn kategory B giet it om subsydzje foar it ferminderjen fan stikstofemisje troch it sproeien mei wetter of magnesiumgloar. Dy maatregels hawwe in relatyf hege ferwachte emisjereduksje fan likernôch 40%. By C giet it om subsydzje foar it ôfdekken fan de tradisjonele roasterflier foar mono-fergisting en is it mooglik om dat te kombinearjen mei it oanskaffen fan in dongsko-robot en in dongopslach. Dêrfoar is dan wol in fereaske dat der in saneamde stikstofstripper oanwêzich is. Dy is nedich om foar te kommen dat fjildemisjes in bytsje tanimme en dat dat foar in part de reduksje yn de stâl teneate docht. 

Binnen de regeling binne mei-inoar 294 oanfragen yntsjinne foar in bedrach fan €11,9 miljoen. De folsleine ynvestearring bedraacht lykwols €21 miljoen. Fan de oanfragen wurdt troch 68,6% fan de oanfregers mear as 20% fan de folsleine ynvestearring betelle. Der is ek in kategory D dêr’t subsydzje yn oanfrege wurde koe foar itselde as yn kategory C, mar dan sûnder stikstofstripper. Dêrfoar kamen 61 oanfragen yn. Yn kategory A koene boeren in oanfraach yntsjinje foar in adviseur en dielname oan stúdzjegroepen. Dat levere oant no ta 74 oanfragen op. Yn dy kategory kinne boeren noch in oanfraach yntsjinje oant en mei 31 desimber 2024. 

De provinsjes binne fan doel om nei evaluaasje fan de rinnende iepenstelling yn it earste fearnsjier fan 2025 de regeling op ’e nij iepen te stellen foar oanfragen.

Subsydzjeregeling 

De subsydzjeregeling Reduksje Stikstofemisje waard op 2 oktober 2024 iepensteld fia de website fan het Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) (Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân). Mei dy regeling wolle de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte ynvestearrings stimulearje om by te dragen oan it ferminderjen fan stikstofemisje binnen in agraryske ûndernimming.