Regeling Mei-inoar foar it Frysk

Dizze regeling is sletten.

Fan 1 novimber 2017 ôf oant en mei 31 desimber 2020 is it mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it opstellen of útfieren fan taalbelied yn it ramt fan de Wet gebrûk Fryske taal. De regeling Mei-inoar foar it Frysk kin stypje yn it foldwaan oan de betingsten fan de Wet gebrûk Fryske taal troch Fryske gemeenten en oare Fryske bestjoersorganen.

Hichte fan it subsydzje

Foar it meitsjen fan in taalferoardening en/of taalbeliedsplan is de bydrage op syn heechst 50%. Foar it útfieren fan it taalbelied is de bydrage maksimaal 70%. Yn alle gefallen is it maksimale subsydzjebedrach de oanfreger € 40.000,-. It subsydzjeplafon oant en mei 2020 bedraagt € 450.000,- en wurdt ferdield oer 2018, 2019 en 2020. Foar it jier 2020 is der in bedrach fan € 150.000,- beskikber.

It oanfreegjen fan subsydzje

Lês de Subsydzjeregeling Mei-inoar foar it Frysk om te besjen wat de mooglikheden en betingsten binne. In folsleine yntsjinne oanfraach kriget it earst berjocht oft subsydzje takend wurde sil. In folsleine oanfraach is rjochtsjildich ûndertekene en befettet alle ynformaasje dêr’t yn it oanfraachormulier om frege wurdt. Neidat it subsydzjeplafon berikt is, kin der gjin subsydzje mear taparte wurde.

Mear Ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.