Regiofûns Súdeast-Fryslân

Let op: dizze regeling is sletten en sil net mear iepensteld wurde.

Regio Deal Súdeast Fryslân 

It Regiofûns is ûnderdiel fan de Regio Deal Súdeast Fryslân. Dit is in gearwurking fan de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Weststellingwerf en Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en it Ryk. De Regio Deal jout in stevige ympuls oan Súdeast Fryslân. Mei de mienskip slaan wy de hannen ynien om harren doarpen en it lânskip noch sterker te meitsjen. Sa bliuwt dit in unyk gebiet in noflik plak om te libjen, te wurkjen, te moetsjen én te besykjen, no en yn de takomst. Lês hjir mear oer de Regio Deal Súdeast Fryslân.

Regiofûns Súdeast Fryslân 

Ut it Regiofûns binne inisjativen yn de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Weststellingwerf subsidiearre dy't de gearwurking befoarderje en de regio fersterkje. Dêrby falt te tinken oan gruttere inisjativen op it mêd fan duorsumens, lânskip, leefberens, kultuer of rekreaasje en toerisme dy’t in doarps - of gemeentegrins oerstige. Yn de perioade 2021 -2023 is dizze subsydzjeregeling seis kear iepensteld. Ut it Regiofûns wei binne 30 projekten subsidiearre. Dêr fine jo in tal foarbylden fan projekten dy't útfierd wurde mei in bydrage út it Regiofonds.

Regeling sletten

Mei it subsidiearjen fan al dizze projekten is it budzjet dat binnen de Regio Deal foar it Regiofûns beskikber wie, bestege. Dizze regeling sil yn de takomst dus net mear iepensteld wurde.

Fragen

Foar fragen of opmerkingen oer it Regiofûns kinne jo kontakt opnimme mei it streekkantoar fan Streekwurk (provinsje Fryslân) foar de regio Súdeast-Fryslân. Jo kinne it streekkantoar telefoanysk berikke op tel. 058 – 292 52 00. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei zuidoost@fryslan.frl

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier infolje of skylje mei it Klantkontactsentrum. Zij helpe jo graach fierder.