Reservearring mooglike nije drinkwetterboarnen yn Fryslân

De fraach nei drinkwetter wurdt hieltyd grutter. Reden foar it Ryk om alle provinsjes te freegjen Oanfoljende Strategyske Foarrieden (ASV’s) foar drinkwetter oan te wizen, ek yn Fryslân. In ASV is in gebiet dat troch de provinsje oanwiisd wurdt as mooglik plak foar in drinkwetterfoarsjenning. Betinkst is dat takomstige winnings sa min mooglik ferleging fan de grûnwetterstân yn de omjouwing feroarsaakje. De fiif Fryske ASV-gebieten binne Dwarsdjip, Oldenkamp, Skarster Rien, Tsjûkemar en Grutte Brekken.

It drinkwettergebrûk per persoan nimt noch hieltyd ta en klimaatferoaring feroarsaket  fersilting en ferdrûging. Dat docht bliken út ûndersiken fan it RIVM. Dêrneist is der hieltyd minder wetter oanwêzich yn besteande gebieten dêr't no drinkwetter wûn wurdt. Mei it oanwizen fan ASV-beskermingsgebieten wurdt derfoar soarge dat de kwaliteit en kwantiteit fan it grûnwetter yn dy gebieten foldwaande binne om it wetter yn de takomst as drinkwetter te brûken. It binne dus benammen reservearringsgebieten foar de middellange termyn (oant 2040) en noch gjin nije lokaasjes foar drinkwetterwinning.

Foar it definityf oanwizen fan ASV-gebieten is earst in miljeu-effektrapportaazje nedich. It doel dêrfan is om it miljeubelang folweardich meiwage te litten yn de beslútfoarming. De earste stap yn de mer-proseduere wie it opstellen fan in Notysje Reikwijdte en Detailniveau. Dy hat fan 30 augustus 2024 oant en mei 11 oktober 2024 op besjen lein. Hjirmei binne belutsenen en belanghawwenden yn de oanbelangjende gebieten ynformearre oer it foarnimmen, de ynhâld en de djipgong fan de op te stellen MER. Hjirop is in oantal reaksjes binnenkaam en ferwurke.

Meiprate 

Yn de maitiid fan dit jier kinne stakeholders meiprate oer it earste konsept fan it miljeu-effektrapport (MER) wêryn't de effekten fan it plan op it miljeu beskreaun wurde. Yn de rin fan it jier binne der ynformaasjegearkomsten oer it MER. Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oare in yndikaasje jûn oer de beskermingsregels dy't binnen de ASV-gebieten jilde kinne. Fierder wurde winsken en suggestjes fanút de mienskip ophelle. Provinsje Grinslân fiert inselde proseduere foar de ASV-gebieten.