Resultaten iepenstelling Iepen Mienskipsfûns Ferduorsumjen
Tongersdei 30 jannewaris kaam de advyskommisje Ferduorsumjen foar de tredde kear byinoar om 54 oanfragen te beoardieljen. Fryske bestjoeren fan mienskipsgebouwen (meast stichtingen en ferieningen mei doarpshuzen, sportakkommodaasjes of tsjerken) diene yn novimber massaal oanfragen by IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen om sa it ferduorsumjen fan harren gebouwen finansiere te kinnen
It nije Iepen Mienskipsfûns (2024 -2027) bestiet út trije ûnderdielen: reguliere oanfragen, de Fryslân Ferbynt Dei (rjochte op it behâld en oanlûken fan frijwilligers) en it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen yn eigendom fan stichtingen en ferieningen.
Beoardieling
Oanfragen waarden dêrnei beoardiele troch aktive en belutsen ynwenners fan Fryslân mei dêryn ferskate ferieningsbestjoerders, in ynstallateur en in ferduorsumingsadviseur. De projektfoarstellen waarden beoardiele op:
- ferduorsuming - wat dogge se mei de subsydzje en hoe effektyf binne de maatregels?
- besparring jierlikse kosten – hoe bot wurdt de feriening/stichting finansjeel sûner fan dit projekt?
- Mienskipswearde: hokfoar rol spilet it gebou yn it doarp of yn ’e wyk?
It beoardieljen oan ’e hân fan dy kritearia levere in lange list fan projekten op, wêrby't de projekten mei de measte punten subsydzje krije en sa troch nei ûnderen oant de pot leech is.
Utslach
Mar leafst 36 projekten koene dizze perioade fan subsydzje foarsjoen wurde. Op in inkeling nei fregen alle ferieningen en stichtingen €35.000,- oan wat maksimaal 50% fan de totale kosten fan it projekt wêze mocht.
Deputearre Sijbe Knol seit dêroer: “Mei dizze subsydzje binne ús mienskipsgebouwen by steat om de enerzjyrekken yngripend nei ûnderen te bringen. Goed foar it takomstbestindich meitsjen fan ús tsjerken, sportklups en doarpshuzen.”
Yn novimber 2025 giet it fûns noch ien kear iepen foar it ferduorsumjen fan Mienskipsgebouwen.
Oersjoch honorearre oanfragen iepenstelling Iepen Mienskipsfûns Ferduorsumjen
Regio Noardwest Fryslân
Mienskipsgebouw | Aangevraagd bedrag |
Sportbelangen Reduzum | € 35.000,00 |
Buurthuis Oranjewijk_Leeuwarden | € 35.000,00 |
Dorpshuis Hitzum | € 17.928,00 |
Dorpshuis Alde Leie | € 9.000,00 |
Botniastins Franeker | € 35.000,00 |
Protestantse kerk_Berltsum | € 22.805,00 |
MFC it stedhûs Berltsum | € 26.985,00 |
Poptaslot Marsum | € 35.000,00 |
Dorpshuis_Baard | € 12.000,00 |
Regio Noordoost Fryslân
Mienskipsgebouw | Aangevraagd bedrag |
Verenigingsgebouw de Snuter ijsclub_Damwoude | € 17.500,00 |
Dorpshuis Suderfinne Suwâld | € 35.000,00 |
Dorpshuis_Gerkesklooster | € 34.282,00 |
Korfbalvereniging Vlug en Vaardig Garyp | € 6.610,00 |
Gereformeerde Kerk_Driesum | € 35.000,00 |
MFA Eanjum | € 26.345,00 |
Tennisvereniging Sportpark Sanjes Feanwâlden | € 23.986,00 |
Regio Zuidwest Fryslân
Mienskipsgebouw | Aangevraagd bedrag |
Dorpshuis de Utwyk Schraard | € 35.000,00 |
Dorpshuis Irene Follega | € 22.734,00 |
MSG VV Delfstrahuizen | € 35.000,00 |
Dorpshuis_Goënga | € 35.000,00 |
Dorpshuis het Wilsemhûs_Wolsum | € 25.478,00 |
VV DWP Sintjohannesga | € 35.000,00 |
Dorpshuis Nijemirdum | € 35.000,00 |
Dorpshuis de Wier Offingawier | € 35.000,00 |
Dorpshuis Harich | € 35.000,00 |
Dorpshuis Idskenhuizen | € 3.500,00 |
Korfbalclub Harich | €35.000,00 |
Regio de Wadden
Mienskipsgebouw | Aangevraagd bedrag |
Dorpshuis Ons Huis Terschelling | € 35.000,00 |
Regio Zuidoost Fryslân
Mienskipsgebouw | Aangevraagd bedrag |
Buurthuis Focus_Heerenveen | € 17.500,00 |
Voetbalvereniging Wolvega | € 35.000,00 |
Voetbalvereniging_Oosterstreek | € 35.000,00 |
Dorpshuis Fochteloo | € 35.000,00 |
Doarpshûs Jonkerslân | € 35.000,00 |
Sporthal_Houtigehage | € 35.000,00 |
Witte Kerk_Hemrik | € 13.458,00 |