Skea oan bisten foarkomme en subsydzejeregeling

Er staan enkele witte kuddehonden bij een kudde schapen in een weiland met een stroomhek. Er  ligt wat sneeuw.
Afbeelding: Erwin van Maanen

Wolven ite benammen grutte wylde hoefdieren lykas edel - en deimen, wylde bargen en reeën. In wolf kin ek gefaarlik wêze foar fee lykas skiep, geiten en kwetsbere bisten lykas jongfee. It is dêrom wichtich om fee te beskermjen. Om mei de wolf gearlibje te kinnen, wurdt it treffen fan previntive maatregels, lykas elektryske rasters, oanrikkemandearre. Hjiroer lêze jo mear yn Faunaschade Preventie Kit Wolven.

Omhein jo greide en hâld rôfdieren bûten

Mei de ynset fan de juste previntive maatregels kinne jo rôfbisten - oft it no giet om in wolf, foks, goudjakhals of in hûn - op ôfstân hâlde en jo bisten beskermje. Elke lokaasje is fansels ferskillend en freget oare beskermingsmiddels. In wettertichte beskerming tsjin oanfallen bestiet net. Ut de ûnderfiningen fan Dútslân docht bliken dat in goede beskerming it tal oanfallen op fee drastysk sakket yn gebieten dêr 't wolven al langer libje.

Een overzichtskaart waar het wolvengebied op afgetekend is
Kaart wolvegebiet

Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels

Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet, dêr 't de kâns op wolveaktiviteiten it grutst is. Grofweg giet it om it gebiet tusken de A7, de A32 en de grins mei Drinte.

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling fine jo yn de regeling. DS stelt yn totaal 450.000 euro beskikber.

Kalamiteiteregeling foar oanfallen bûten it wolvegebiet

Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders bûten it wolvegebiet kinne, ûnderbetingsten, ek oanspraak meitsje op de subsydzjeregeling. 

Betingsten foar de kalamiteiteregeling:

  • der binne trije oanfallen binnen sân dagen
  • yn oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa oangrinzjende gemeenten
  • jo dogge jo oanfraach binnen trije wiken nei de twadde oanfal

Wolvekonsulint yn Fryslân

Sûnt de maitiid fan 2022 is der in wolvekonsulint yn Fryslân. In wolvekonsulint kin hâlders fan lânbouhúsdieren fergees op maat advisearje. Sawol op ôfstân (telefoanysk, e-mail) as op lokaasje. Dêrneist biedt hy help by it oanfreegjen fan subsydzje. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl.