Skylge as foarbyld sirkulêre plastics foar ynternasjonale delegaasje

Yn it ramt fan it Interreg Europe-projekt Plastix hat een delegaasje út seis ferskillende Europeeske lannen (Finlân, Sweden, Italië, Spanje, Slovenië en Finlân) op 28 en 29 maaie in besite brocht oan Skylge en Fryslân. It doel fan dat besyk wie om te learen hoe’t wy yn Fryslân mei plestik ôffal omgeane en ús oanpak om ta te wurkjen nei krekt minder plestik ôffal en mear sirkulêre plestiks.

Skylge, brûsplak foar plestik ideeën

By de besite oan it eilân waard yngien op de komôf fan plestik ôffal, de ynfloed dêrfan op de natuer en de mooglikheden foar lokale ûndernimmers om der mei om te gean. It lektoraat sirkulêre plestiks fan NHL Stenden, Willemien Veele, wie oanwêzich om te bepraten hoe om te gean binnen de groep dy’t mei plestiks te meitsjen hat. Dêrby waard beklamme dat net allinne bedriuwen mear sirkulêre plestiks brûke moatte, mar dat der al earder yn de string yngrepen wurde moat. Dat omfettet sawol ûntwerpoanpassings, regeljouwing, as gedrachsferoarings by minsken om de oergong fan fossile nei sirkulêre plestiks te befoarderjen.  

De delegaasje besocht ek de Jutfabriek op Skylge, in inisjatyf dêr’t plestik ôffal dat op de strânen oanspielt, sammele en transformearre wurdt yn nije gebrûksartikels. Lokale ûndernimmer, Vincent Kooijman, spruts oer it meitsjen fan produkten fan it sammele plestik,  fariearjend fan sûvenirs oant praktyske objekten foar bygelyks de toerisme-yndustry. Dizze praktyk lit sjen hoe’t kreatyf en duorsum gebrûk fan plestik ôffal net allinne de miljeu-ympakt ferminderje kin, mar ek ekonomyske kânsen kreëarje kin foar lokale mienskippen.  

By de provinsje Fryslân fine wy it wichtich om ta te wurkjen nei in sirkulêre regio, in doel dat yn 2025 mear sintraal stean sil. Dizze besite biedt in weardefolle gelegenheid om ús oanpak te dielen, mar ek om fan de ûnderfinings en ynnovaasjes fan oare regio`s yn Europa te learen.