Stap foarút foar natuerûntwikkeling yn de Mieden

It Miedegebiet yn de gemeente Achtkarspelen is ûnderdiel fan it Natuurnetwerk Nederland. It bestiet út de Droegehamstermieden, Surhuzumermieden en Reahel. Der leit in opjefte om yn 2027 yn de Mieden 740 bunder natuer yn te rjochtsjen. Troch in grutte kavelruil yn it gebiet kin no in wichtige folgjende stap set wurde foar it realisearjen fan dizze natuer. 

Steatsboskbehear, de provinsje en ferskate partikulieren ruilen koartlyn grûnen. Dêrmei is der grûn frij kaam foar natuerûntwikkeling. Ek wurdt in leechsteande pleats dy't yn besit wie fan de provinsje opnij yn gebrûk naam. De gebietskommisje* ferwachtet begjin 2025 begjinne te kinnen mei de ynrjochting fan 362 bunder natuer yn Reahel-East en de Droegehamstermieden. It is de bedoeling om de gebieten foar 2027 yn te rjochtsjen.

Deputearre Matthijs de Vries: “Wy binne wiis mei dizze kavelruil. It betsjut dat wy in grutte stap sette kinne foar de natuerûntwikkeling yn it Miedegebiet. Der komme kearnen fan natuer mei dêromhinne in skyl fan oergongsgebiet yn de foarm fan krûde- en greidefûgelgerslan. Dat makket it mooglik om mei faasje te wurkjen oan de ynrjochting fan it natuernetwurk yn dit gebiet.”

Ferheegjen wetterpeil, elzesingels en natuerfreonlike wâlskanten

De bedoeling is om it wetterpeil te ferheegjen. Dat jout de bysûndere planten en begroeiïng yn it gebiet de kâns om harren te werstellen en út te wreidzjen. Om it wetterpeil yn it grutste part fan it gebiet ferheegje te kinnen, komme der konstruksjes om it wetter fêst te hâlden en it peil regelje te kinnen. Guon sleatten wurde minder djip makke en krije minder steile oergongen tusken lân en wetter om de groei fan bysûndere (wetter)planten te stimulearjen. Ek wurde der elzesingels oanplante en krije ierdswellen in spesjale wand mei gatten om yn te brieden. De gemeente Achtkarspelen lei ferline jier in earste part fan in fytspaad yn de Droegehamstermieden oan. Dit jier en takom jier folgje de restearjende dielen. 

Bioferskaat 

Ein 2020 is it plan “De Mieden op zijn mooist, op naar uitvoering” fan de gebietskommisje fêststeld. It plan presintearret in alternatyf foar de ynrjochting as natuergebiet. Wêr't maatregels harren gewoanwei folslein fokusje op omfoarming ta natuer, wurdt yn dit plan 130 hektare reservearre foar saneamde 'oergongsgebieten'. Dy markearje de grins fan it part dat as natuer ynrjochte wurdt nei de râne fan it gebiet. Hjir komt krûde- en greidefûgelgerslân. Dat fersterket it bioferskaat en makket ek agrarysk gebrûk yn de foarm fan natuerynklusive lânbou mooglik.

* de gebietskommisje Achtkarspelen-Súd bestiet út fertsjintwurdigers út de streek fan lânbou, natuer en rekreaasje, stipe troch de gemeente Achtkarspelen, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân.