Startskot Gjin Plestik nei ús Waad: GPS-driuwers folgje rûte plestik ôffal

Hoe beweecht platic ôffal him yn it Fryske oerflaktewetter rjochting de Waadsee? It projekt Gjin Plestik nei ús Waad makket dat ynsichtlik mei driuwende GPS-trackers. Fiif Fryske bestjoerders hawwe op freed 7 febrewaris yn de Ljouwerter Prinsetún de earste oranje driuwers yn it wetter smiten.

Plestik ôffal is in groeiend miljeuprobleem, yn it bysûnder yn de ekosystemen yn it binnenwetter en yn see. Plestik fergiet net, mar brekt ôf yn hieltyd lytsere dieltsjes. Dy kinne de sûnens fan bisten en minsken skea dwaan. Fan it plestik yn de Waadsee is ûngefear trijekwart ôfkomstich út eigen lân, hat de Waadakademy earder fêststeld yn in analyze. Mei it projekt Gjin Plestik nei ús Waad wolle ûndersikers en oerheden yn byld krije hoe’t it sit mei it oandiel út it Fryske binnenwetter.

Oranje driuwers te wetter 

Dêrfoar hawwe fiif bestjoerders op freed 7 febrewaris it startskot jûn: deputearre Friso Douwstra fan de provinsje Fryslân, deistich bestjoerder Monique Plantinga fan Wetterskip Fryslân, wethâlders Gijs Jacobse (Ljouwert) en Michel Rietman (Súdwest-Fryslân) en direkteur Gerben Huisman fan it Waadfûns. Sy smieten oranje driuwers yn de Noorder Stadsgracht, yn de Ljouwerter Prinsetún. De driuwers hawwe it formaat fan in frisdrankfleske en binne útrist mei in GPS-tracker dy't de rûte fan de driuwer fêstleit ûnder ynfloed fan wyn en streaming. De útkomsten jouwe in byld fan de wize wêrop't plestik ôffal him ferpleatst yn it oerflaktewetter.

Kamera’s en bemeunsteringen 

Om better ynsjoch te krijen yn it plestikprobleem wurde op meardere plakken driuwers  ynset. Dêrneist komme by brêgen kamera’s dy't deldriuwend ôffal registrearje. De bylden wurde mei help fan keunstmjittige yntelliginsje analysearre. Om it byld kompleet te krijen fine úteinlik op tsientallen plakken bemeunsteringen plak, wêrby't fynmezige netten mikroplastics út it wetter filterje.

Offangsystemen 

As de rûtes en hotspots yn byld brocht binne, sille tenei maatregels troffen wurde om plestik út it wetter te heljen mei spesjale ôffangsystemen. Tagelyk wurdt der ynset op previnsje, mei foarljochtingskampanjes. 

Gearwurking 

Noria Sustainable Innovators út Delft is de útfierder fan Gjin Plestik nei ús Waad. Provinsje, Wetterskip en de gemeenten Ljouwert en Súdwest Fryslân finansiere in part. Dizze oerheden dogge geregeldwei mei oan it projektteam om resultaten en ferfolchstappen te bepraten. Dêrtroch wurdt de belutsenens en kontinuïteit boarge binnen de organisaasjes, ek nei ôfrûning fan it hjoeddeistige projekt. It projekt rint oant ein 2027 en kostet goed € 1,2 miljoen. Hjirfan is hast de helte finansiere troch it Waadfûns.