Stikstoffergunningen kinne wer ferliend wurde yn 2023
Yn septimber 2022 hat de provinsje Fryslân it ferlienen fan stikstoffergunningen tydlik stopset. De wichtichste reden dêrfoar wie de útspraak fan de Ried fan Steat oer de net bewiisd wurking fan emisje-earme stâlflierren. Fan jannewaris 2023 ôf sil de provinsje wer stikstoffergunningen ferliene. Fergunningsoanfragen wêrby 't yn de nije situaasje in emisje-earme stâlflier pland is, wurde foarearst noch net ferliend.
Ferliening start nei oanpassing AERIUS
Foar it oanfreegjen en hifkjen fan oanfragen wurdt gebrûk makke fan it rekkenprogramma AERIUS. Dit programma wurdt op dit stuit oanpast, ûnder oare troch it yn wurking treden fan it saneamde Feegbeslút1. Dit stiet no pland foar 26 jannewaris. Sadree't AERIUS bywurke is kinne de needsaaklike berekkeningen dien wurde troch de oanfreger en hifking troch de provinsje. Hjirnei kin de fergunningferliening pas wer starte.
Wachtrige mei fergunningsoanfragen
Troch it tydlik stil lizzen fan de fergunningferliening, is it tal oanfragen dat noch beoardiele wurde moat. Hast 200 oanfregers wachtsje op it beoardieljen fan harren oanfraach. Elkenien mei in rinnende oanfraach wurdt mei in brief ynformearre oer it ferfolch. Dêrneist binne der noch goed 200 PAS-melders dy 't wachtsje op legalisaasje fia in fergunning. Dizze groep wurdt ek yn in brief ynformearre oer it ferfolch.