Stim fan Fryslân: Help mei om drinkwetter te besparjen!

Wat kinne we dwaan om drinkwetter te besparjen? De provinsje Fryslân freget ynwenners en bedriuwen om goede ideeën oan te dragen fia partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân. Deputearre Friso Douwstra jout sneontemiddei 15 juny it startsein foar de kampanje ‘Wês wiis mei wetter, elke drip telt’ op de duorsume merk ‘Groen Goud’ yn it gemeentehûs yn Ljouwert.

Deputearre Friso Douwstra: “Fryslân en wetter binne mei-inoar ferbûn. Elkenien hat swiet wetter nedich: ek de ekonomy en de lânbou. Mar wêr komt al dat wetter wei? Hoe hâlde wy it fêst? En ha we yn de takomst noch wol genôch?”

Ideeën- en stipefaze

Fan 15 juny o/m 14 july rint de ideeëfaze. Elke Fries wurdt dan, fia ferskate (digitale) kanalen fan de provinsje en Omrop Fryslân prikkele om mei te dwaan. Op www.stimfanfryslan.frl stiet ek de promoasjefideo mei foarbylden om drinkwetter te besparjen.

Favoritenfaze

Nei de ideeënfaze folget de favoritenfaze, fan 15 o/m 21 july. Ynwenners kinne ideeën fan oaren dan in tomke jaan, oftewol stypje.

Beoardielingsfaze

Fan 22 o/m 28 july beoardielet in saakkundige sjuery de yntsjinne ideeën en bepaalt hokker troch meie nei de stimfaze. De sjueryleden sjogge nei orizjinaliteit, effektiviteit en tapasberheid. 

Stimfaze

Fan 29 july o/m 11 augustus kinne Friezen stimme op it bêste idee foar drinkwetterbesparring. 

Wetterpitch gearkomste

De ideeën en inisjativen mei de measte stimmen wurde útnûge foar in 'wetterpitch' mei priisútrikking, pland op moandeitejûn 9 septimber. De sjuery bepaalt de echte folchoarder fan de winners. Deputearre Douwstra fersoarget, as foarsitter fan de sjuery, de priisútrikking. 

Stim fan Fryslân

Om mei te dwaan kinne ynwenners ynlogge op it online platfoarm Stim fan Fryslân. Dit platfoarm is der sûnt 2022 op inisjatyf fan Provinsjale Steaten en is bedoeld om ynwenners te konsultearjen oer politike en maatskiplike fragen.