Subsydzjeregeling Dakken Fryske Pleatsen
De regeling is sletten en kin net mear oanfrege wurde.
De provinsje Fryslân stelt 600.000 euro subsydzje beskikber foar restauraasje of it opknappen fan it dak fan pleatsen dy't beskerme binne as ryks- of gemeentlik monumint of as karakteristyk mei in sloopferbod yn it bestimmingsplan.
Dat is regele yn de Subsydzjeregeling Dakken Fryske Pleatsen. Deputearre Steaten hawwe dy op 30 maaie 2023 fêststeld.
By it opknappen kin it gean om restauraasje, mar ek om it ferfangen fan net-tradisjonele dakbedekking lykas golfplaten troch tradisjonele dakbedekking lykas pannen of reid. Ek binne ûlebuorden subsidiabel. Der kin maksimaal 24.999 euro subsydzje per pleats jûn wurde. Dat jild is beskikber kaam út it Wurkplan Takomst Fryske Pleats nei oanlieding fan de opjefte foar werbestimming en restauraasje-efterstân by pleatsen.
Omdat it budzjet net hiel grut en der in soad âlde pleatsen binne, kin allinnich subsydzje jûn wurde foar pleatsen dy't as ryks- of gemeentlik monumint of as karakteristyk mei sloopbeskerming yn it bestimmingsplan oanwiisd binne. Dêrneist moat it dak of dakflak yn in net al te bêste of minne ûnderhâldssteat wêze. De subsydzje út dizze regeling kin neist in subsydzje foar de subsydzjeregeling monuminten Fryslân brûkt wurde as it mar net foar deselde wurksumheden is.
De subsydzje wurdt fierder ferdield op folchoarder fan binnenkomst en fia twa subsydzjeplafonds:
- Pleats yn agrarysk gebrûk (4 ton beskikber)
- a. Pleats mei in net agraryske haadfunksje oars as wenje en
b. Pleats mei meardere wenienheden (foar a en b 2 ton beskikber)
Wannear't it plafond troch meardere komplete oanfragen op deselde dei oergien wurdt, folget in lotting.
Subsydzje oanfreegje
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan in oanfraachformulier. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:
Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘Ynfollen en ûndertekenje’
- Folje de antwurden yn
- Printsje it formulier út
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar dat alle taheakken dêr’t om frege wurdt, ek útprinte wurde
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs.
Wannear oanfreegje?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fan 3 oant en mei 24 july 2023.
Oanfragen yntsjinne foar of nei boppeneamde data wurde wegere. Jo moatte jo oanfraach folslein mei alle taheakken derby yntsjinje. By in ûnfolsleine oanfraach freegje wy jo om oanfoljende ynformaasje. De datum wêrop't de oanfraach folslein is, jildt as datum fan binnenkomst. Tink derom: it formulier moat troch de goede persoan of persoanen ûndertekene wurde (lykas neamd stiet yn jo statuten).
Foar wa?
Subsydzje wurdt allinnich jûn oan natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy't eigener of saaklik gebrûksrjochthawwer binne fan in monumint.
Lêze jo a.j.w. earst de faak stelde fragen goed troch, mochten jo dêrnei noch fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Fergunningplicht
Subsidiabele aktiviteiten op grûn fan foarlizzende regeling meie net úteinset wurde foardat der foar fergunningplichtige aktiviteiten in omjouwingsfergunning of, as dat fan tapassing is, in gemeentlike monumintefergunning ferliend is.
Fierder moatte jo neigean oft jo fergunningplichtich binne yn it ramt fan de Wet Natuurbescherming (sjoch it informatiesheet Wet natuurbescherming). Dit is in apart trajekt fan de subsydzje-oanfraach. Jo kinne dat streekrjocht by de provinsje oanfreegje, of de ynstimming fia de omjouwingsfergunning by de gemeente rinne litte. De provinsje freget gjin leezjes foar ûntheffingsoanfragen fan partikuliere monuminte-eigeners of ideële stichtingen salang’t it wurk gjin kommersjeel belang as doel hat, mar wol bgl. in maatskiplik belang, lykas ‘behâld kultureel erfgoed’.
Learlingwurkplak foar restauraasjefak
Hawwe jo subsydzje út de regeling krigen? Dan binne jo ferplichte om learlingwurkplakken foar it restauraasjefak beskikber te stellen. Foar mear ynformaasje en it pleatsen nimme jo kontakt op mei de ROP-koördinator:
Hilke Janssen, ROP-koördinator Noard-Nederlân, tel. 06 - 20 40 20 55, mail rop@restauratienoord.nl en webside: www.restauratienoord.nl
Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen
Wolle jo jo monumint ûnderhâlde, reparearje of restaurearje? It register Kennis & Kunde biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy't bewiisd hawwe dat se wurksumheden oan monuminten op de goede wize útfiere. Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês-yn-lead of pleisterwurk.
Eigeners fan monuminten en karakteristike pânen/bouwwurken kinne in abonnemint nimme op de Monumentenwacht, hjir kinne jo tsjin in subsidiearre leech taryf in ûnôfhinklike ynspeksje fan it pân útfiere litte.
Foar mear beliedsynhâldlike eftergrûn út it Wurkplan Takomst Fryske Pleats, sjoch hjir: Romtlike kwaliteit, Erfgoed en Landschap | Fryslan
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo hjir de faak stelde fragen dellade. Stiet jo fraach der net tusken, dan kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.