Subsydzjeregeling monuminten Fryslân 2024

Dizze regeling is op dit stuit sletten.

De provinsje Fryslân stelt yn 2024 € 2.877.300 beskikber foar it werstel fan monuminten yn Fryslân. Eigeners fan karakteristike gebouwen, gemeente- en (griene) ryksmonuminten kinne hjirfoar in oanfraach yntsjinje tusken 16 en 20 septimber 2024.

De subsydzje is yn 2024 oan te freegjen foar 6 ûnderdielen en soarten monuminten. Nij hjirby is dat eigeners fan Griene ryksmonuminten subsydzje oanfreegje kinne foar it werstel fan harren terrein. 14% fan it totaal is hjirfoar beskikber, in bedrach fan € 400.000.

  1. Restauraasje fan boude ryksmonuminten (ek dielrestauraasjes); 
  2. Werbestimming fan boude ryksmonuminten; 
  3. Restauraasje fan griene ryksmonuminten; 
  4. Underhâld fan ryksmonumintale mûnen; 
  5. Restauraasje en werbestimming fan boude gemeentlike monuminten en karakteristike pannen; 
  6. Plankosten foar restauraasje by werbestimming.

Dit is regele yn de subsydzjeregeling Monumenten Fryslân 2024. Deputearre Steaten hawwe dy fêststeld op 21 maaie 2024.

Foar wa is de subsydzje?

De subsydzje is foar natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy 't eigener of saaklik gebrûksberjochtige binne fan in monumint. Sy moatte de subsydzje-oanfraach yntsjinje.

Eigeners fan in wenhûs-monumint kinne gjin subsydzje oanfreegje mei dizze regeling. Se kinne wol kâns meitsje op in liening út it restauraasjefûns. Of út de lanlike Woonhuisregeling foar ûnderhâld.

Wannear freegje jo subsydzje oan?

De regeling is iepen fan 16 oant en mei 20 septimber 2024. Foar it ûnderdiel 6 - Plankosten is de regeling wat langer iepen: fan 16 septimber oant en mei 18 oktober 2024. Wat earder oft jo yntsjinje, wat geunstiger, want wy wize ta op folchoarder fan binnenkomst. 

Tink derom, it is foar elk monumint mooglik om ien oanfraachformulier yn te tsjinjen. kombinearre oanfragen binne dus net mooglik.

Wat dogge wy mei jo oanfraach? 

Wy wize it subsydzje ta op folchoarder fan binnenkomst. As der mear oanfragen binne op in dei as der budzjet beskikber is, sille wy lotsje wa't de subsydzje krijt. 

Jo krije uterlik yn desimber 2024 fan de provinsje Fryslân de beskikking fan de subsydzje. It Restauraasjefûns docht dêrnei it finansjele ôfhanneljen fan subsydzjes dy 't troch ús ferliend binne.

Hoefolle subsydzje is der beskikber?

1aRestauraasje Ryksmonuminten en restauraasje by werbestimming Ryksmonuminten€ 1.132.300   
1bRestauraasje Ryksmonumintale pleatsen yn agrarysk gebrûk€    300.000
2Restauraasje en werbestimming fan Ryksmonuminten oanfrege troch ynstellings fan bysûnder provinsjaal belang€    300.000 
3Restauraasje fan griene ryksmonuminten€    400.000
4Underhâld Ryksmonumintale mûnen€    475.000
5Restauraasje fan gemeentlike monuminten en karakteristike pannen€    250.000
6Plankosten€      20.000
 Totaal€ 2.877.300

Hoe freegje jo subsydzje oan?

Foar elke fan 'e seis kategoryen is in oanfraachformulier beskikber. Dêryn steane de fragen dêr 't jo oan foldwaan moatte by de oanfraach. Jo kinne in formulier ûnderoan dizze side downloade. Folje it formulier folslein yn en doch alle frege bylagen ta. Tink der goed om, om tefoaren te kommen dat jo subsydzje misrinne.

Jo kinne jo oanfraach op 3 wizen yntsjinje: digitaal, oer de post of persoanlik ôfjaan by de baalje op it provinsjehûs. Yn de praktyk binne de bylagen by in oanfraach grut. Jo meie de bylagen dêrom yntsjinje op in USB-stick. Stjoer dy mei it ûndertekene oanfraachformulier of jou dy ôf by de baalje.

Ien fan de bylagen dy't jo meistjoere sille, is in begrutting. Brûk dêrby dit format en kies foar “Gebouwd” of “Grien” monumint.

Digitaal oanfreegje

Jo kinne it formulier ek online ynfolje mei jo kompjûter. By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje. 
Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning. Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. Hokker bylagen nedich binne, sjogge jo by de formulieren ûnderoan dizze side.

Fjouwer oandachtspunten foar de oanfraach

Foar de subsydzje-oanfraach freegje wy jo omtinken foar fjouwer ûnderwerpen. Begjin dêrom op 'e tiid foar de oanfraach:

  1. Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming
  2. Learlingewurkpleats
  3. Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje
  4. (Net) Subsydzdiabele kosten

1. Fergunning en Ontheffing Wet natuerbeskerming

Mooglik hawwe jo foar de restauraasje of werbestimming in omjouwingsfergunning of in gemeentlik monumintfergunning nedich. Tink der dan om dat jo dy foar 16 septimber 2024 yntsjinje, dus foar jo de subsydzje oanfreegje.

Gean ek nei oft jo in ûntheffing nedich hawwe foar de Wet natuerbeskerming. Jo kinne dy ûntheffing streekrjocht by de provinsje oanfreegje of de ynstimming fia de omjouwingsfergunning by de gemeente rinne litte. Dizze ûntheffing stiet los fan jo subsydzje-oanfraach by de provinsje Fryslân.

De provinsje freget foar de ûntheffing gjin leezjes as jo dy oanfreegje as partikulier monuminte-eigener of ideële stichting. Betingst dêrby is dat der mei de wurksumheden in maatskiplik belang is, lykas it behâld fan kultureel erfgoed. En gjin kommersjeel belang.

2. Learlingewurkpleats

Hâld jo foarôf ek rekken mei it folgjende: As jo subsydzje út de regeling krije, dan binne jo ferplichte om learlingen wurkplakken beskikber te stellen foar it restauraasje-fak. Foar mear ynformaasje en it pleatsen nimme jo kontakt op mei de Restauraasje Opleidings Projekten-koördinator Hilke Janssen. Belje: 06 - 20 40 20 55 of mail nei: rop@restauratienoord.nl. Mear ynformaasje fine jo op www.restauratienoord.nl

3. Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen en ynspeksje

As jo it maksimum resultaat út jo subsydzje helje wolle, gean dan yn see mei in bedriuw út it register Kennis en Kunde. Dit register biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy 't bewiisd hawwe dat se wurksumheden oan monuminten op de goede wize útfiere. Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês yn lead of pleisterwurk.

Noch in tip: Binne jo eigener fan in monumint of in karakteristyk pannen/bouwurk? Jo kinne in abonnemint nimme op de Monumentenwacht. Dêrmei kinne jo tsjin in subsidiearre leech taryf in ûnôfhinklike ynspeksje fan jo pân útfiere litte.

4. (Net) Subsydzdiabele kosten

Biket út jo ûndersyk foar dizze subsydzje-oanfraach dat der kosten binne dêr 't jo gjin subsydzje foar krije kinne? Wa wit is it foar jo geunstich om jo in liening te freegjen fia it Nationaal Restauratiefonds.

Hawwe jo fragen oer jo subsydzjeoanfraach?

Meiwurkers fan de ôfdieling Subsydzjes helpe jo graach by jo fraach. Belje 058 - 292 59 25 of mail nei: subsidies@fryslan.frl.