Subsydzjeregeling oanpak ûndermyning Fryske gemeenten 2022

Foar wa?

Fryske gemeenten kinne in prestaasjesubsydzje oanfreegje fan 1 april 2022 9.00 oere oant en mei 30 desimber 2022 23.59 oere ôf. It subsydzjeplafond bedraacht € 37.800,- De regeling is bedoeld as temjittekomming foar it oansluten op Meld Misdaad Anoniem fan Stichting Meld Misdaad Anoniem.

Betingsten

Om foar de prestaasjesubsydzje yn oanmerking te kommen, moat der by de oanfraach in ûndertekene gearwurkingsoerienkomst taheakke wêze tusken de Stichting Meld Misdaad Anoniem en de Fryske gemeente. Hjiryn moat in startdatum opnommen wêze dy leit binnen 3 moanne nei de datum fan it ôfsluten fan de gearwurkingsoerienkomst. De gemeente moat foar op syn minst 24 oaniensletten kalindermoannen by Meld Misdaad Anoniem oansletten bliuwe. Lêze jo foar fierdere ynformaasje de subsydzjeregeling goed troch. Heechte subsydzje

De hichte fan de te jaan prestaasjesubsydzje bedraacht:

  1. foar in oanfreegjende gemeente mei 100.000 en mear ynwenners op 1 jannewaris 2021, útgeande fan de data fan it CPB: € 4.000 ,-;

  2. foar in oanfreegjende gemeente mei 50.000 oant 100.000 ynwenners op 1 jannewaris 2021, útgeande fan de data fan it CPB: € 2.800 ,-;

  3. foar in oanfreegjende gemeente mei 30.000 oant 50.000 ynwenners op 1 jannewaris 2021, útgeande fan de data fan it CPB: € 2.200 ,-;

  4. foar in oanfreegjende gemeente mei minder as 30.000 ynwenners op 1 jannewaris 2021, útgeande fan de data fan it CPB: € 1.600, -.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy 't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC.

  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’

  3. Folje de antwurden yn

  4. Printsje it formulier út

  5. Undertekenje it formulier

  6. Soargje derfoar dat alle frege taheakken ek printe wurde

  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.