Subsydzjeregeling Regiofûns Súdeast-Fryslân

De regeling is sletten en sil net mear iepensteld wurde.

Regio Deal Súdeast Fryslân

It Regiofûns is ûnderdiel fan de Regio Deal Súdeast Fryslân. Dat is in gearwurking fan de gemeenten it Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Weststellingwerf, Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en it Ryk. De Regio Deal jout in stevige ympuls oan Súdeast Fryslân. Mei de mienskip slane wy de hannen yninoar om harren doarpen en it lânskip noch sterker te meitsjen. Sa bliuwt it in unyk gebiet en in noflik plak om te libjen, te wurkjen, te moetsjen én te besykjen, no en yn de takomst. Lês hjir mear oer de Regio Deal Súdeast Fryslân.

Regiofûns Súdeast Fryslân

Ut it Regiofûns binne inisjativen yn de gemeenten it Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Weststellingwerf subsidiearre dy‘t de gearwurking befoarderje en de regio fersterkje. Dêrby falt te tinken oan gruttere inisjativen op it mêd fan duorsumens, lânskip, leefberens, kultuer of rekreaasje en toerisme dy’t oer in doarps– of gemeentegrins hinne geane. Yn de perioade 2021-2023 is de subsydzjeregeling seis kear iepensteld. Ut it Regiofûns wei binne 30 projekten subsidiearre. Hjir fine jo in tal foarbylden fan projekten dy ‘t útfierd wurde mei in bydrage út it Regiofûns.

Regeling sletten

Mei it subsidiearjen fan al dy projekten is it budzjet dat binnen de Regio Deal foar it Regiofûns beskikber wie, bestege. Dizze regeling sil yn de takomst dus net mear iepensteld wurde.

Fragen

Foar fragen of opmerkingen oer it Regiofûns kinne jo kontakt opnimme mei it streekkantoar fan Streekwurk (provinsje Fryslân) foar de regio Súdeast-Fryslân. Jo kinne it streekkantoar telefoanysk berikke op tel. 058 – 292 52 00. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei zuidoost@fryslan.frl.

Dokuminten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.