Subsydzjeregelingen foar keunstynstellings en musea

De provinsje Fryslân presintearret 10 desimber 2024 twa subsydzjeregelingen foar musea en keunstynstellings. Op grûn fan dy regelings kinne kulturele ynstellings trijejierrige subsydzjes oanfreegje foar de perioade 2020-2028. 

De subsydzjeregeling Keunstynstellings Fryslân 2020-2028 is bedoeld foar organisaasjes dy't op profesjoneel nivo aktyf binne yn de keunsten. Dêrfoar is mei-inoar €10.332.900,- beskikber. Foar de musea giet it om in bedrach fan €5.151.600,-.

De regelings binne al oankundige yn de beliedsnota Tosken yn in nije tiid, dy't yn juny troch Provinsjale Steaten fêststeld is. Neist de ynhâldlike kwaliteit fan de kulturele plannen waacht de provinsje ek tagonklikheid, maatskiplike betsjutting en bedriuwsmjittige sûnens mei.

Ynteressearre organisaasjes kinne oant ein febrewaris harren oanfragen yntsjinje. Dêrnei sille ûnôfhinklike advyskommisjes – ien de regeling – har bûge oer de plannen, en dêroer advys útbringe oan Deputearre Steaten. De provinsje hopet om 1 july 2025 hinne definityf bekend meitsje te kinnen wa't rekkenje meie op finansjele stipe.

Kultuerdeputearre Sijbe Knol: “Wy beseffe mar al te goed dat it foar kultuerynstellingen spannende tiden binne. Mar om ús belied útfiere te kinnen, en dêrmei de provinsjale doelen te heljen, moatte wy karren meitsje. De karre foar in robúste kulturele ynfrastruktuer, mar ek de kar foar tagonklikens, jongerein en leechdrompelichheid. Dêrom ynvestearje wy as provinsje rom €15 miljoen de kommende jierren.”

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de provinsje Fryslân: