Taken deputearre Wiersma tydlik oernaam troch kolleezje

Deputearre Femke Wiersma is beëage minister fan Landbouw, Visserij, Voedselzekerheid en Natuur yn it noch te beneamen kabinet Schoof. 

Frou Wiersma sil de kommende perioade in soad yn Den Haag wêze om har ta te rieden op har nije rol. De ferwachting is dat it nije kabinet op 2 july beëdige wurdt ta oerstean fan de Kening.

Oant dy tiid bliuwt frou Wiersma formeel yn tsjinst fan de provinsje. Har portefúlje wurdt tydlik beheard troch de oare leden fan it kolleezje.

It kolleezje sprekt har grutte tank út foar de ynset fan frou Wiersma foar ús provinsje en winsket har alle sukses yn har nije rol.