Ticketrisiko’s LF2028
Iepen fan 17 april 2020 ôf oant en mei 30 septimber 2022 foar produksjes dy’t yn de programmearring fan LF2028 opnommen binne, en dy’t yn de perioade oant en mei 2022, it triënnale jier, harren beslach krije. It subsydzjeplafond is € 1.172.743.
It subsydzje hat as doel it foar in part ôfdekken fan it risiko dat de werklike ynkomsten út ticketferkeap, oangeande poadiumproduksjes, dy’t yn de programmearring poadiumproduksjes LF2028 opnommen binne, by de rûsde ynkomsten efterbliuwe. Yn de regeling is oanjûn dat it produksjes oanbelanget dy’t út LF2028 in finansjele bydrage yn de produksjekosten krije of krigen hawwe. Dy bydragen besteane oant no ta út subsydzjes fan de provinsje Fryslân en/of gemeente Ljouwert, eksplisyt beskikber steld yn it ramt fan LF2028 om de produksjekosten te dekken. Oant no ta is foar LF 2028 yn de gearwurking tusken provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert mei in programma-organisaasje wurke. De bedoeling is dat dy programma-organisaasje foar de simmer yn in stichting LF2028 oergiet. Mooglike finansjele bydragen yn produksjekosten sille dan net mear troch de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert, mar troch de stichting beskikber steld wurde.
De hichte fan it subsydzje
It subsydzje bedraacht 50% fan it ferskil tusken de troch de finansjeel saakkundige goedkarde rûzing fan de ynkomsten en de werklike ynkomsten út ticketferkeap, mei in maksimum fan 25% fan de rûsde ynkomsten.
As boppe it subsydzjeplafond útgien wurdt troch 2 of mear folsleine oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, dan wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Hoe kinne jo subsydzje oanfreegje?
Mei it oanfraachformulier. Yn de iepenstellingsperioade kinne jo dat fine ûnder de del te laden bestannen.
Ferplichte ferklearring fan ekspert
Der moat in ferklearring by fan finansjeel saakkundige de hear Kooistra fia m.kooistra@fryslan.nl of 058 - 292 84 90.
Meiwurkje oan privaatrjochtlike oerienkomst
As de kaartferkeap better giet as fan tefoaren ferwachte, dan moat de subsydzjeûntfanger ree wêze om de ekstra ynkomsten te dielen. De provinsje en de gemeente krije dan in part fan it finansjele foardiel dat behelle is. De subsydzjeûntfanger moat meiwurkje oan it fêstlizzen fan ôfspraken oer de ferdieling fan hegere opbringsten út kaartferkeap as begrutte.
Tink om de rjochtsjildige ûndertekening
As út de gegevens fan de Kamer van Koophandel bliken docht dat de bestjoerders fan de rjochtspersoan net selsstannich, mar allinne mei-inoar befoege binne om de rjochtspersoan te fertsjintwurdigjen dan moatte meardere bestjoerders it oanfraachformulier mei-inoar ûndertekenje. Ut it karbrief docht bliken troch hokker bestjoerders mei-inoar ûndertekene wurde moat.
Mear ynformaasje
As jo fragen hawwe oer de regeling dan kinne jo kontakt opnimme mei Marije Meijer fia m.meijer@fryslan.frl of mei de ôfdieling Subsydzjes op 058 - 292 59 25. It e-mailadres is provincie@fryslan.frl.
Lêze jo foardat jo it oanfraachformulier yntsjinje mei omtinken de taljochting en de regeling. It giet om de ‘Subsidieregeling risico’s inkomsten uit ticketverkoop podiumproducties hoofdprogramma Leeuwarden-Fryslân 2028’, yn it koart: de regeling Ticketrisico’s LF2028.