Tineke Schokker-Strampel waarnimmend boargemaster Tytsjerksteradiel
Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat hjoed op it provinsjehûs yn Ljouwert Tineke Schokker-Strampel beëdige as waarnimmend boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Se is de tydlik opfolger fan boargemaster Jeroen Gebben dy't sûnt 1 maart direkteur is fan de Veiligheidsregio Fryslân en algemien kommandant fan Brânwacht Fryslân.
Frou Schokker-Strampel begjint op 4 maart oan har funksje. Se bliuwt oan ta de beneaming fan in nije Kroanbeneamde boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Dy beneaming fynt nei ferwachting begjin 2026 plak.
Kommissaris fan de Kening de hear Brok en de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hawwe ôfpraat dat der in waarnimmer komme soe oant de komst fan in Kroanbeneamde boargemaster. De ried hat oan de kommissaris winsken kenber meitsje kinnen wêr't de waarnimmer oan hearde te foldwaan. De ried sil no oan de slach mei in profylskets foar in nije Kroanbeneamde boargemaster. De wervingsproseduere set útein neidat de gemeenteried de profylskets fêststeld hat.
Schokker-Strampel (CDA) wennet yn Eastermar en wie earder boargemaster fan Flylân (2015 -2021), deputearre (2007 - 2015) en lid fan Provinsjale Steaten yn Fryslân (2003 – 2007).