Tuskenrapportaazje Natuurnetwerk Nederland beskikber

Om de doelstellingen foar it Natuurnetwerk Nederland (NNN) te heljen is in fersnelling nedich. Sa docht bliken út de tuskenrapportaazje 'Healweis weromsjen NNN' dat op fersyk fan it kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) opsteld is. DS stelle dêrom foar oan Provinsjale Steaten (PS) om in plan fan oanpak te meitsjen mei oanfoljende maatregels en fersnellingsstrategyen. PS kinne dêr dan ein 2025 oer beslute. 

Ut de tuskenrapportaazje docht bliken dat it mei de hjoeddeistige oanpak net slagget om oan de ôfsprutsen doelstellingen en (ynter)nasjonale NNNN-ferplichtingen te foldwaan en dat der ekstra ynspanningen nedich binne. Deputearre Matthijs de Vries: “As kolleezje sjogge wy kânsen om de NNN-doelstellings te heljen fia in oare koers mei nije fersnellingsopsjes. Hjirby brûke wy weardefolle opbringsten, ynsichten en ynformaasje dy’t Natuer mei de Mienskip yn de partisipaasje- en gebietsprosessen ophelle hat. Wy sille dy fersnellingsopsjes fierder útwurkje yn in plan fan oanpak.”

Realisearje ‘krúsjale bunders’ needsaaklik om oan wetjouwing te foldwaan

Sintraal yn it plan fan oanpak stiet it realisearjen fan saneamde ‘krúsjale bunders’, dêr’t ferbiningen tusken de ûnderskate natuergebieten – en dêrmei yn it NNN-netwurk – mei mooglik wurde. Sûnder de krúsjale hektares kin it NNN net goed funksjonearje en net ynrjochte wurde. Se binne dêrom ek needsaaklik om te foldwaan oan Europeeske en Nederlânske wetten dy't in robúst natuernetwurk mei oaniensletten natuergebieten foarskriuwe. Yn it plan fan oanpak wurde ferskate opsjes ûndersocht lykas:

  1. Trochgean mei de frijwillige oanpak op grûn fan lâneigeners (en dêrby benammen 
    optimaal ynsette op selsrealisaasje en ruilgrûnen);
  2. Mear fleksibiliteit yn NNN-grinzen oanbringe (troch grûnen binnen en bûten NNN dêr't 
    mooglik út te ruiljen, bygelyks kânsrike natuer dy't noch bûten it NNN leit);
  3. Foar krúsjale grûnen ûndersykje oft folsleine skealeasstelling bean wurde kin (eigeners 
    krije dêrmei ekstra fergoeding foar harren grûn, soks freget wol om in mooglikheid ta    
    ûnteigening om ferbeane steatsstipe foar te kommen).

Wat is it NNN?

It Natuurnetwerk Nederland (NNN) is it Nederlânske netwurk fan besteande en nij oan te lizzen natuergebieten (opfolger Ecologische Hoofdstructuur). It doel is it kreëarjen fan in robúst netwurk dat wichtige ekosysteemtsjinsten leverje kin (lykas in sûne wetterhúshâlding, goede luchtkwaliteit, foldwaande bestuiver-populaasjes en rekreaasje) en ús leefomjouwing genôch fearkrêft jout. Dit makket romte frij foar oare ûntwikkelingen yn it lânskip. Dit robúste netwurk is needsaaklik om te foldwaan oan Europeeske wet- en regeljouwing. 

Eftergrûn bestjoerlike beslútfoarming NNN

Yn 2022 waard al dúdlik dat it dreech wurde soe om de NNN-doelstellings te heljen yn 2027. PS besleaten dêrom ein 2022 wat minder as de helte fan de mei it Ryk ôfsprutsen restopjefte yn 2027 ôf te meitsjen: 750 hektare grûnfunksjewiziging nei Natuer en 2000 hektare konkrete ynrjochting fan natuer. Dêr is no 15% fan realisearre. De oarspronklike ôfspraken mei it Ryk wiene 1600 hektare grûnfunksjewiziging en 3700 hektare ynrjochting. Op grûn dêrfan is 7% realisearre. Fryslân hat yn ferliking mei de totale Ryksdoelstelling sûnt de start fan it Natuurpact no sa'n 60% fan it NNN realisearre.