Ûnderhâld en behear fan wâlkanten lâns farwegen
Wa is ferantwurdlik foar it ûnderhâld oan de wâlskanten lâns de farwegen yn Fryslân? Op dy fraach jouwe de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân antwurd fia in digitale kaart. Sa ûntstiet dúdlikens hokker wâlskanten de Fryske oerheden beheare, mar ek hokker wâlskanten ûnder it behear falle fan partikulieren of oare ynstânsjes.
Wêrom?
Yn ús provinsje leit mear as 1700 kilometer oan wâlskanten lâns farwegen. Wa't ferantwurdlik is foar it behear fan dizze wâlskanten, wie net altyd like helder. Ien wâl kin nammentlik meardere belangen tagelyk tsjinje, sawol fan de Fryske oerheden as fan partikulieren (of oare belanghawwenden). Om dizze ûndúdlikheid fuort te nimmen, hawwe Fryske oerheden tegearre ôfspraken makke. Dy ôfspraken liede ta in dúdlike tadieling fan it behear fan de oerheid. It is de bedoeling dat dy ôfspraken fan krêft wurde fan 1 maaie 2024 ôf.
Hoe sjogge dizze ôfspraken der út?
Neffens dizze nije tadieling is de provinsje ferantwurdlik foar de wâlskanten lâns beropsfarwegen. De wâlen dy 't fan belang binne foar de wetterkwaliteit of dêr 't grutte streaming is, komme yn behear by it wetterskip. En leit in iepenbiere wâl yn de beboude kom, dan is de gemeente oan set. Sa binne der noch mear kritearia (sjoch de beslisbeam), wêrmei't goed 1300 kilometer oan wâl tadield is oan in oerheid. Dan bliuwt der noch sa'n 400 kilometer oan wâlskanten oer, wêrfan't it behear in ferantwurdlikheid is fan partikulieren of oare ynstânsjes. Hoe't dy tadieling der yn 'e praktyk út sjocht, is yn ûndersteande kaart werjûn.
Subsydzje oanfreegje
Under bepaalde betingsten betellet de oerheid mei oan it behear en ûnderhâld fan wâlskanten. Dit dogge wy fia in subsydzje. Op boppesteande kaart is in earste yndikaasje jûn hokker wâlskanten eventueel foar subsydzje yn oanmerking komme. Sjoch de griene line yn 'e kaart, sa kinne jo ek sels in earste ynskatting meitsje.
In subsydzje oanfreegje kin fan 2 maaie 2024 ôf yn twa stappen. Earst freegje jo in pré-toets oan, dêr 't de provinsje mei bepale kin oft jo wâl yndie yn oanmerking komt foar subsydzje. It stribjen is dat jo binnen fiif wurkdagen de útkomst fan de pré-toets krije. Op basis fan de útkomst fan de pré-toets kinne jo dêrnei in definitive oanfraach yntsjinje.
Foarskiednis
Foardat de kaart mei de ferdieling fan it behear en ûnderhâld fan wâlskanten lâns Fryske farwegen ûntstien is, binne der in oantal besluten naam. Hjirûnder fine jo ûnder dokuminten de beslisbeam.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.