Útjaan fan Frysktalige literatuer
Dizze regeling is op dit stuit sletten.
Fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 (earste iepenselling) en fan 3 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 (twadde iepenstelling) is it mooglik om subsydzje-oanfragen yn te tsjinjen foar it útjaan fan Frysktalige boeken. It kin gean om printe boeken, om digitale boeken mar ek om audio- of harkboeken. It subsydzjeplafond(eksterne link) is € 75.000,-.
De betingsten kinne jo lêze yn paragraaf 2.6 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân (eksterne link).Yn dizze regeling kin in útjouwerij of in (streektaal)organisaasje subsydzje oanfreegje foar boeken yn de Fryske taal dy’t sy binnen ien jier útjaan sille.
Subsydzje oanfreegje
Jo kinne digitaal in oanfraach yntsjinje troch dit formulier yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei DigiD of e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan DigiD of e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer de regeling Útjaan fan Frysktalige literatuer kinne jo kontakt opnimme mei ús 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.