Wetter yn Fryslân
It wetter yn Fryslân is foar it meastepart swiet. Dat swiete wetter is wichtich foar ús Natuer, foar genôch drinkwetter en om gewaaksen mei te bereinen. In part fan ús Provinsje grinzet oan sâlt seewetter en troch it omheech gean fan de seespegel en klimaatferoaring wurdt ús swiete wetter stadichoan sâlter. De útdaging is om sunich en tûk om te gean mei de krapte fan swiet wetter, en om it sâlte seewetter bûten ús dunen en diken te hâlden.
Ekstreme buien komme hieltyd faker foar. Dêrneist falt de measte rein yn de winter, wylst it yn de maitiid en de simmer nedich is. Boppedat bliuwt it yn de simmer hieltyd faker en langer drûch.
Oerstallich reinwetter pompe wy fuort om drûge fuotten te hâlden. Eins skande, want dat swiete reinwetter soene wy yn tiden fan drûchte goed brûke kinne.
Skjin wetter is wichtich foar ús sûnens en dy fan de natuer.
Us oerflaktewetter is op de measte plakken swiet en geskikt om gewaaksen mei te bereinen. Dat wetter stiet yn ferbining mei ús grûnwetter. Fersmoargjende stoffen kinne fia it oerflaktewetter ek yn ús grûnwetter telâne komme. Wy moatte dus ferstannich en sunich mei ús grûn - én oerflaktewetter omgean.
Yn de gebieten dêr 't wy wenje moatte wy drûge fuotten hâlde. Dêrneist hawwe wy skjin drinkwetter nedich, fiere wy ús ôffalwetter ôf en brûke wy de ûndergrûn foar bygelyks waarmtepompen.
Yn de boaiem sit swiet grûnwetter. Dy foarried is troch de iuwen hinne ûntstien troch û.o. rein.
Grûnwetterreserves dy 't reservearre binne foar ús drinkwetterfraach yn 2050.
Ut de djippe ûndergrûn wei kringt sâlt seewetter hieltyd fierder troch yn ús grûnlagen.
Sâlt wetter
Swiet wetter