Ynnovative ambysjes hurder ferrinne litte: VIA-subsydzje foar Fryske MKB's meikoarten beskikber!
Binne jo in mkb’er yn Fryslân en hawwe jo in idee foar in ynnovative tsjinst, in ynnovatyf produkt of proses dat nij is foar de wrâld en bydraacht oan in sirkulêr, duorsum, digitaal en/of sûn Noard-Nederlân? Wolle jo dat idee ûndersykje en teste foardat jo it op 'e merk bringe? Goed nijs! De subsydzje VIA (Accelerator of Innovative Ambitions) komt dêr ynkoarten foar beskikber. Dy subsydzje kinne jo fan tiisdei 4 febrewaris ôf oanfreegje.
De provinsje Fryslân sjocht mei dy subsydzje gâns kânsen foar ûndernimmers. Deputearre Friso Douwstra: “Mei de VIA-subsydzje wolle wy ûndernimmers yn Fryslân de kâns biede om harren ynnovative ideeën te ferhastigjen. It MKB spilet in kaairol yn de Fryske ekonomy en it is wichtich dat we harren de tools biede om him oan te passen oan de rap feroarjende merk. Neist de finansjele stipe fersterket dizze regeling ek de kennisdieling en gearwurking tusken bedriuwen. It helpt ûndernimmers om de needsaaklike stappen te setten, wat net allinnich harren eigen takomst fersterket, mar ek bydraacht oan de ekonomyske groei fan ús regio.”
Antisipearje op de takomst en profitearje fan ynnovaasjemooglikheden
It is wichtich dat ûndernimmers sjen litte hoe’t sy mei harren ynnovative idee of projekt ynspylje op needsaaklike ekonomyske en sosjale ûntjouwings. It giet dan om sirkulêr ûndernimmen, de ferduorsuming en/of digitalisearring fan it bedriuw of wurkje oan positive sûnens. Undernimmers kinne oant €100.000,- oan subsydzje krije om har idee om te setten yn in prototype en it te ûndersykjen en te testen. Binne op grûn dêrfan oanpassings of (troch)ûntwikkelingen nedich? Dan is dat ek mooglik. Liket it prototype suksesfol? Dan is it wichtich om de folgjende stappen nei marketing yn 'e praktyk te bringen. Gearwurking mei oare bedriuwen en ynstellingen wurdt stimulearre, lykas it dielen fan kennis.
Ambysje: ynnovaasjeprojekten fan hege kwaliteit
Oanfregers moatte foldwaan oan in oantal wichtige beoardielingskritearia om in VIA-subsydzje te krijen. Dy binne yn in nij beoardielingsramt gearstald yn de subsydzjeregeling. De provinsje en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) riede harren sa ta op it jaan fan subsydzjes foar heechweardige ynnovaasjeprojekten dy't in ferskil meitsje op ien (of mear) fan boppesteande gebieten. Dêrmei krijt in ûndernimmer net allinnich subsydzje om syn projekt te realisearjen, mar ek om by te dragen oan in noch moaier en sterker Noard-Nederlân.
VIA-subsydzje oanfreegje en kontakt opnimme
Foar it MKB yn Drinte en Fryslân is fan tiisdei 4 febrewaris 2025 om 9.00 oere ôf de VIA-subsydzje oan te freegjen by SNN. Ek wurdt in VIA-subsydzje foar it MKB yn Grinslân taret. Nei’t ferwachte wurdt sil dy foar de simmer fan 2025 beskikber wêze. Sjoch foar alle ynformaasje en de beoardielingskritearia op: www.snn.nl/via-drenthefryslan. Fragen? Nim kontakt op mei it SNN fia: 050 5224 908 of kennis&innovation@snn.nl.
Webinar
Op tongersdei 16 jannewaris fan 16.00 oant 17.15 oere organisearret SNN in ynformatyf en ynspirearjend webinar oer de VIA-subsydzje. By dat webinar is der ek genôch romte foar fragen. Oanmelde kin fia: www.snn.nl/webinarVIA.