3308 ferkeap trije perselen wâl njonken de (rekreaasje-)wenning oan de Hegewarren 7 te Aldegea

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan trije perselen wâl njonken it perseel pleatslik bekend as Hegewarren 7, 9216 XR te Aldegea, sa 't hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODG00E 022890.04.70 ha0.04.70 ha0
ODG00E 022900.02.17 ha0.02.17 ha0
ODG00E 022910.02.18 ha0.02.18 ha0
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstguod in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker om 't de trije perselen wâl direkt oan it eigen perseel fan keaper grinzje. De keaper wol de perselen wâl graach taheakje oan eigen hiem om sa ek de hierde ûndergrûn fan in steger brûke te kinnen.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (15-06-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of grondgebruik@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.