Fêstgoed
De provinsje Fryslân hat grûn, wetter en gebouwen (fêstgoed) yn eigendom, lykas: diken, bermen, oefersmoke, lânbougrûn, natuergebieten, farwegen, marren, pleatsen, tsjinstwenten en projektkantoaren.
In part fan it fêstgoed bliuwt yn eigendom fan de provinsje, lykas (far)wegen, bermen, stipepunten, slûs - of brêgewachterswenning ensfh.
Fêstgoed wurdt oankocht (as kompensaasjegrûn) foar it oanlizzen fan in dyk, ynrjochtsjen fan in nij natuergebiet of foar de strategyske grûnbank. In part fan dizze grûnen wurdt ferpachte.
Fêstgoed dat yn de provinsje net mear foar har doelen of foar in doel fan in oare (semy-)oerheid ynset wurde kin, is oerstallich en kin ôfstjitten wurde. In part fan it fêstgoed wurdt ûnderhânsk oan ien partij útjûn. De kritearia foar ûnderhânske útjefte fan registerguod fine jo ûnder Bekendmakingen.
It oerstallige fêstgoed dat eventueel noch oanwêzige agraryske ynventaris wurdt iepenbier (by ynskriuwing) te keap oanbean.
Foar de ynrjochte natuergebieten wurdt in eigener/terreinbehearder socht dy't it gebiet mei foarôf fêststelde kritearia beheare sil.
Lês mear oer dizze ûnderwerpen op de oanbelangjende side: