Pacht
De provinsje Fryslân ferpachtet grûnen dy’t hearre ta har besit yn twa tranches:
- Boubouperselen allinnich mar foar bouboeren;
- Graslânperselen.
Beiel pachtprizen en pachtperioade
Jierliks wurde de pachtprizen beskaat troch in ûnôfhinklik taksateur. De hier regelet jo mei in oerienkomst dy't jo mei de provinsje slute. De pachtperioade rint fan 1 jannewaris o/m 31 desimber fan itselde jier. De pachtperioade foar ikkerbougrûnen rint fan 1 novimber oant en mei 31 oktober takom jier.
Ferpachting fia gebietskommisje
Hoe wurket it?
Foar de gebietsûntwikkeling fan bepaalde yn te rjochtsjen (natuer)gebieten wurdt troch Deputearre Steaten in gebietskommisje beneamd (Achtkarspelen Súd, Aldeboarn De Deelen, Alde Feanen, Beekdal Linde, Dongeradielen). Yn opdracht fan de provinsje advisearret de gebietskommisje oer de ynrjochting fan it gebiet en de útfiering. Yn 'e grûnkommisje sitte fertsjintwurdigers út 'e omkriten op it mêd fan lânbou, natuer, wetter en rekreaasje. Foar it realisearjen fan de gebietsynrjochting is it needsaaklik om troffen agrariërs te kompensearjen troch tawizing fan pachtgrûnen. Troch ôfdieling Vastgoed en grûnsaken wurdt alle jierren in tawizingsplan gearstald foar ferpachting fan grûnen yn sa 'n gebiet. Dit plan wurdt dêrnei foarlein oan de grûnkommisje. De grûnkommisje jout dêrnei in advys fan tawizing.
Ferpachting fia ynskriuwing pachtportaal
Hoe wurket it?
Foar pachtgrûnen, dy't net binnen in gebiet mei in gebietskommisje lizze, en/of net op advys fan de grûnkommisje oan in beskate lokale agrariër tawiisd hoege te wurden, kinne agrariërs op it platfoarm foar pachtgrûn pachtportaal.nl jin registrearje as ynteressearre yn pachtgrûn. Fia in transparante proseduere wurde ûnder oanbod aktuele lânbougrûnen yn pacht oanbean. Potinsjele pachters kinne harren online ynskriuwe op de oanbeane grûn. It portaal fiert in analyze út wêrmei 't ynskriuwers beoardiele wurde mei punten.
As ynteressearre yn pachtgrûn kinne jo fergees in account oanmeitsje. Mei de sykfunksje kinne jo maklik sykje nei perselen dy 't binnen jo bedriuwsplan passe. Jo kinne filtearje op wat jo ferbouwe wolle, hoefolle hektare oft jo sykje, in yndikaasje fan 'e hierpriis de bunder en yn hokker gemeente jo grûn sykje. Troch op de kadastrale tekening te klikken krije jo neiere ynformaasje oer de oanbelangjende kavel. Hjir treffe jo de skaaimerken fan 'e kavel en de ynskriuwbetingsten oan. Jo kinne dêr ek relevante dokuminten downloade.
As jo (al) in account hawwe, kinne jo mei ien druk op 'e knop ynskriuwe op de oanbeane kavels. Soargje dat jo foldogge oan alle betingsten.
In befêstiging fan jo ynskriuwing krije jo oer e-mail en kinne jo werom fine yn jo account op pachtportaal.nl.
Nei sluting fan de ynskriuwperioade beoardielet it systeem wa 't de bêste pachter konform is betingsten en by twivelgefallen nimt de ferhierder it beslút. Dêrnei wurdt in definitive gunning útsprutsen. Elke ynskriuwer krijt op koarte termyn nei de gunning berjocht oft hy/sy grûn tawiisd krigen hat of net.
Opjefeformulier foar koartingen:
Nei de tawiisde gunning oan de pachter kriget dy fia e-mail in formulier foar de opjefte fan de koartingen.
Alle kommunikaasje oer it kontrakt giet ienfâldich fia it platfoarm.
Hawwe jo fragen?
Mochten jo fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân, telefoannûmer 058 - 292 59 25.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.