De provinsje Fryslân ferhiert gebouwen en grûnen dy 't hearre ta provinsjaal besit. Dêrby kinne jo tinke oan eardere tsjinstwenten, mar ek oanlisplakken foar de plezierfeart. De hier regelje jo fia in oerienkomst dy't jo slute mei de provinsje.

Bepaling ferhierprizen

Alle jierren wurde de hierprizen troch in ûnôfhinklik taksateur fêststeld en ratifisearre troch Deputearre Steaten yn de saneamde grûnprizebrief en de dêrby hearrende kaart.

Ik wol graach hiere

As jo grûn of wetter fan de provinsje hiere wolle, kinne jo dat fia provincie@fryslan.frl oan ús kenber meitsje. Wy nimme dêr binnen twa wike kontakt mei jo oer.

Hawwe jo fragen?

Mochten jo fragen hawwe, dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân, telefoannûmer 058 - 292 59 25.

Dokuminten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.