3481 en 4202 ferkeap perselen grûn, bosk en wetter oan en tichteby de Haulstersingel yn Skarsterbrêge
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in oantal perselen grûn, bosk en wetter oan en tichteby de Haulstersingel yn Skarsterbrêge, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
LWR02N 00287 | 0.06.00 ha | 0.06.00 ha | |
LWR02N 00382 | 0.13.40 ha | 0.13.40 ha | |
LWR02N 00383 | 1.82.90 ha | 1.82.90 ha | |
LWR02N 00361 | 0.18.55 ha | 0.18.55 ha | |
LWR02N 00288 | 0.05.40 ha | 0.05.40 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat in part fan de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan it dêrnjonken lizzende kadastrale perseel fan de keaper en it winsklik is om ’e grûn fas iepenbier terrein oan te wizen. De keaper is eigener fan de Haulstersingel en troch de oankeap kin effisjinter behear oan de dyk útfierd wurde.
It is hjir te rêden om in transaksje tusken oerheden ûnderinoar. Dizze ferkeap past binnen it provinsjale belied om oerstallige grûn, net nedich foar de útfiering van provinsjale taken of foar de ynset foar oare provinsjale doelen, yn earste ynstânsje oan te bieden oan ko-oerheden (weryndielings proseduere). Yn dit ramt sil de grûn levere wurde oan de gemeente De Fryske Marren.
De provinsje hat foar de útspraak fan ’e Hege Rie mei de keaper oerienstemming berikt oer de oanbiedingsplicht ta it ferkeapjen fan de grûn foar de oanlis fan in kuierpaad. It feit dat dy oerienstemming op dit stuit noch net fia de keapoerienkomst útfierd is, docht neat ôf oan ’e oerienstemming dy’t berikt is. De Provinsje Fryslân is fan betinken dat de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer ek meibringe dat in betroubere oerheid him oan de ôfspraken dy’t makke binne heart te hâlden, om misbrûk fan it fertrouwensbegjinsel foar te kommen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (18-01-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou G. Bijlsma, berikber op 058 - 292 82 92 of g.bijlsma@fryslan.frl