4287 ferkeap perselen grûn (kampearterrein) strânkamping Jongebuorren 5 yn Terherne
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan perselen grûn (kampearterrein), ûnderdiel fan de strânkamping yn Terherne, pleatslik bekend Jongebuorren 5 yn Terherne, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
THN00A 03440 | 1.29.15 ha | 1.29.15 ha | |
THN00A 03124 | 0.46.70 ha | 0.13.50 ha | 0.33.20 ha |
Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan - en foar in grut part ynsletten is troch it dêrnjonken lizzende perseel fan de keaper en de grûn inkeld en allinnich fia syn perseel te beriken is.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (18-01-2025) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear C.IJ. Hiemstra, berikber op 06 - 53 82 79 60 of c.hiemstra@fryslan.frl