4474 ferkeap fan in perseel grûn oan de Moaije Peal te Minnertsgea

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel grûn oan de Moaije Peal te Minnertsgea, grinzjend oan it perseel pleatslik bekend Moaije Peal 3 te Minnertsgea, sa 't hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
MGN01G 010110.05.43 ha0.05.43 ha0
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it njonken lizzende perseel fan keaper. Keaper wol it perseel grûn mei tagongsdyk graach ynsette foar eigen hiem.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (15-06-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: frou A. Atsma, berikber op  058 - 292 51 66 of grondgebruik@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.