4668 ferkeap perseel wâl/tún oan de Vosseleane 9 te Wâldsein.

De provincie Fryslân heeft het voornemen om met een partij een overeenkomst te sluiten voor de verkoop van een perceel oever/tuin grenzend aan de Vosseleane 9 te Woudsend, zoals hieronder nader staat omschreven:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
WED00A 026200.00.97 ha0.00.97 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan it dêrnjonken lizzende perseel fan de keaper en de grûn inkeld en allinne fia syn perseel te berikken is. Mei sjoen de gebrûksbeheiningen dy 't by de foarnommen ferkeap oerienkommen binne, is de provinsje fan betinken dat inkeld keaper yn oanmerking komt foar oankeap fan de stripe wâl. Keaper wol de stripe wâl by de tún lûke.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (06-07-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl.