8745 ferhier provinsjaal wetter yn de Harlingervaart oan de Schwarzenbergweg 10 te Hichtum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan provinsjaal wetter yn de Harlingervaart op ‘e hichte fan it perseel oan de Schwarzenbergweg 10 te Hichtum, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BWD02C 006860.83.85 ha0.00.22 ha0.83.63 ha
BWD02C 006860.83.85 ha0.00.52 ha0.83.33 ha
BWD02C 006860.83.85 ha0.00.52 ha0.83.33 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. 

De lisplakken lizze yn provinsjaal wetter en grinzen (allinnich) oan it perseel fan hierder. De hierder wol it wetter lâns de wâl brûke foar it oanlizzen fan twa eigen fartugen. 

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar it hieren fan ûnderhavige wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (21-12-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of a.atsma@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl