9122 ferhier oanlisplak yn de Nije Feart te De Westereen

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in oanlisplak yn de Nije Feart te De Westereen, lizzend tichtby it perseel kadastraal bekend gemeente Veenwouden, seksje I, nûmer 756, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet: 

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
VWD01G 049371.71.20 ha0.00.26 ha1.70.94 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De hierder is fergunninghâlder fan dit oanlisplak. It oanbelangjende oanlisplak leit yn provinsjaal wetter. 

De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan it oanbelangjende oanlisplak.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (08-06-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou C. Pietjou, berikber op 058 - 292 59 73 of c.pietjou@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.