9181 ferhier ûndergrûn mearpeal, ûndergrûn fan- en wetter by steger yn de Dokkumer Ie ta hichte fan Wyns 28 te Wyns

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in mearpeal, de ûndergrûn fan- en it wetter by de steger, lizzend yn de Dokkumer Ie, ta hichte fan it perseel pleatslik bekend Wyns 28 te Wyns, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
GKK02F 001671.63.65 ha0.00.01 ha1.63.64 ha
GKK02F 001671.63.65 ha0.00.28 ha1.63.37 ha
GKK02F 001671.63.65 ha0.00.05 ha1.63.60 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. 

De hierder is fergunninghâlder fan dizze steger. De ûndergrûn fan de mearpeal en de steger en it wetter by de steger leit yn provinsjaal wetter. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger mooglik ynsette foar it oanlizzen fan in eigen boat.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de steger.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (01-06-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou C. Pietjou, berikber op  058 - 292 59 73 of c.pietjou@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.