9257 ferhier ûndergrûn part steger, lizzend yn de Kûkhernsterfeart te Noardburgum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan in part fan in steger, lizzend yn de Kûkhernsterfeart te Noardburgum, grinzjend oan it perseel pleatselik bekend Rijksstraatweg 80 07 te Noardburgum, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
BGM02I 008262.99.05 ha0.00.21 ha2.98.84 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De oanbelangjende stripe wâl leit oan provinsjaal wetter en grinzet (inkeld en allinne) oan it perseel fan hierder. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. 

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar it hieren fan de oanbelangjende stripe wâl.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (06-07-2024 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of grondgebruik@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.