9559 ferhier ûndergrûn fan - en wetter by steger yn it Juffersgat yn De Pein

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan de ûndergrûn fan - en wetter by de steger yn it Juffersgat yn De Pein, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODG00F 013202.24.70 ha0.00.03 ha2.24.67 ha
ODG00F 013202.24.70 ha0.00.21 ha2.24.49 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

Hierder is fergunninghâlder fan dizze steger. Partijen binne fan oardiel dat motivearre wurde kin dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is dy't yn oanmerking komt foar de ferhier fan it ferhierde, om't de oanwêzige steiger troch de eardere hierder oan de nije hierder oerdroegen is. De hierder wol de ûndergrûn fan de steger ynsette foar it gebrûk fan de besteande steger. Dêrneist wol hierder it wetter by de steger eventueel brûke foar it oanlizzen fan in eigen boat. 

De provinsje is koart fan betinken dat de hierder de iennichste serieuze gadingmakker is foar it hieren fan ûnderhavige ûndergrûn/wetter.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in hieroerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (01-02-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

Frou A. Atsma, berikber op 058 - 292 51 66 of grondgebruik@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl