N355 Noardburgum – Twizel

Ferline jier binne wy begûn mei it ûnderhâldswurk op de provinsjale dyk N 355. Wy hawwe de dyk tusken Quatrebras en Noardburgum oanpakt. Dêrneist hawwe wy it krúspunt by Quatrebras op 'e nij ynrjochte. Fan ‘t jier wurkje wy fierder oan de dyk tusken Noardburgum en Twizel.

Wurksumheden

Op it stuit binne wy dwaande mei it ûntwerp foar it krúspunt Wyldpaed. Dêrnei sette wy útein mei it ferlizzen fan kabels en liedingen en kinne wy in oannimmer sykje. It ferlizzen fan de kabels en liedingen kostet faak in soad tiid. Dêrom hawwe wy der no foar keazen om tydlike maatregels te nimmen foar de feiligens. Der is in beheining fan ‘e faasje op it krúspunt en wy soargje derfoar dat de fytsoerstek dúdliker te sjen is.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan it wurk oan de N355? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Oanmelde nijsbrief

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.